Skip to content
1882

It jonge Fryslân

Pieter Jelles Troelstra

Gebbrich.

Allyk in Noarman stoer en grym Sjocht, yn de skimerjoun, De sterke stins fen Gratinga It griene fjild yn 't roun.

De poarte kreaket; gudzen spring' It brede foarplein út; Hja draye trije edelljue Ta 't âlde stamhûs út.

't Is 't eale team fen Gratinga, It âlde frije bloed; Mei Fryske stiwens, Fryske krêft En Fryske heltemoed.

Op 't hiem stiet Sicko Gratinga, En sjocht syn neven nei, En jowt hjar mei syn iizren lûd De gleaune wirden mei:

‘Ja, wei mei Douwe op 't Hûs to Harns! De bloedhaet bliuwt ús by.’ Hja kear' hjar op de gudzen om, En ropp': ‘Det swarre wy!’

Yn 't greate seal fen d' âlde stins Stiet Gerbrich, Sicko bern, Troch 't lyts binypte finsterrút Hjar migen nei to sjean.

De sinne, dy 't omlegens giet, Skynt troch it finsterrút, En teikent op it sket hjar skaed Mei swarte ferwen út.

Al blinkt hjar troanje yn sinneskyn, Mei wangen, roun en rea; Swiersettich dikert d' edelfaem Oer Westerbjirrums gea.

Dêr wirdt, krekt êfter 't Hûs to Harns, De sinne allinken wei, En lit it yn in gleaune sé Fen bloed en lôge nei.

Mei driuwt it each fen d' edelfaem Yn triennen, klear en hjit: O God, hwêr Teaco, Douwe soan, Hjar lieafde en hope, sit?

Mei 'n iizren stap komt Sicko nou, En tel, de treppen op; Hja giet forheard by 't finster wei; Sjocht sûnder triennen op.

En komt hjar heit de keamer yn, En set him swijend del, Den bringt hja tsjilk en krûk to plak; Mar 't herte slacht hjar fel.

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.
It jonge Fryslân · Pieter Jelles Troelstra · Poetry Cove