Skip to content
1882

It jonge Fryslân

Pieter Jelles Troelstra

Striid en Frede.

't Is nacht. Mids oan de sonder barnt In spûkige oaljelamp', En Gratinga tinkt wapens út For d' izerhirde kamp.

‘Ja Donwe’, bromt er, ‘naemste my Myn hertebloed, myn soan; En hest myn hiele libbenslok Yn iwichheid bidoarn;

Naemstou myn laech de kroane ou, Myn libben 't ienichst wyt - Ta straf sa rekkest mei dyn skaei Bistean en namme kwyt.

Fordylgje scil dy Gratinga Fen Fryslans frije groun. Tel hestou troch myn help en my In ein yn skande foun!’ -

Sa praet er; 't Ijochtgriis each scjit fjûr; Syn antlit stiet yn gloed; In djippe groede op 't iene wang Wirdt hjit, en read as bloed.

It giele skynsel fen it Ijocht Falt oer syn griizjend hier. - Der kreake hwet - hy skrilt: it sticht; De doar kaem op in kier.

Hy docht him wer mei foarsje ta: ‘Dêrêfter loert de nacht, En yn de fâlden fen hjar klean Forstekt de Hel syn macht!

En as er letter flokkend ropt: Ik bin it wachtsjen sêd!’ Den wirdt er eang fen 't egen lûd, En strampelt skril nei bêd. -

It lieaflik bern fen Gratinga Socht jouns de wrine ek op; Mar sliepen wol net; 't herte slacht Hjar fel, mei klop op klop.

En as hja tinkt, hwêr det hjar heit Nou mei syn help op sint; Ho 't spûk der wrake yn wylde feart Op 't Hûs to Harns oanrint;

Heal dreamend bloed en lôge sjocht, En kermjen, gûlen heart; Al sjocht, ho Teaco mei syn folk, Syn hiele slachte, steart. -

Den dûkt hja yn de keassens wei, En krimpt fen flymjend leed, En snikkert wyld en stint en kleit: ‘O God, hwet binn' Jy wreed!’ -

It flugge hert, fen honnetosk Tobiten en toskûrd, Det opspringt - delfâlt - fierder rint - En dôchs wer fongen wirdt;

En 't goarrich reau al kommen sjocht, En dôchs net fierder kin; Hjar wite tosken grimen sjocht; Hjar azem fiele kin. -

Det eale djier, sa fyn, sa kein, Nou driuwend yn syn bloed, Det fierder wol - net fierder kin, En dwyit fen eangstme en noed...

Mear as it bern fen Gratinga, Mear lije kin it net; Yn swierder striid, yn djipper smert En deadseangstme is it net.

O sjoch hjar der, dy blanke blom, Op 't ikenhouten bêd, Hwêr 't moantsje silverskyn oer jit, In Ijocht, sa klear, sa glêd!

O sjoch hjar dêr, in hearlik byld Fen jonkheids swiidsste pracht; Mar wei yn smerte, yn triennen wei, Omwoelend yn de nacht.

O sjoch hjar der, de mûtele earm Om 't wite keassen slein; De holle yn 't gouden hier fortiisd, Mei silverljocht oertein.

O sjoch! en hear dy snik op snik Ienteanich yn de nacht, Lyk as oan sé, hwêr baer op baer Aloan tsjin d' iggen slacht. -

Sa bûgt yn stoarm en boijen rein De roas it kopke del; En brekt, forwirdt, fortrape yn 't slyk, Wirdt hjar de stoarm to fel....

Mar as de faem it each Tafallich iepen docht, Den blierket hjar it moantsje ta, En sjocht hjar oan en winkt hjar ta, En digert sa, en glimket sa, As lake hjar, mei himelsk Ijocht, Marye selme ta.

Stille frede, golle lieafde Dauwet út de himel wei; Hwa mei 't each nei boppen libbet, Him is iwich treaste nei.

En de moanne mei de stjerren,

Fonken fen it iwich Ijocht - Hwa hjar treaste yn leed bijearren, Ha hja altiid frede brocht.

Ef de grize Zoroaster Dêr syn Ormuzd gloarjen seach; Blonk de Joad der syn Jehovah, 't Iwich great biwald yn 't each;

Sjocht de Kersten yn dy himel D' iiwge lieafde fen in Heit - Alle minsken fyn dêr boppe Lieafde en treast en sillichheid! -

Oan 't finster knielet d' edelfaem, En digert nei omheech; Hwet is it moai, det kleare swirk! En hwet is d' ierde leech!

Mei tûzen stimmen roppe hja, Dy stjerren oan de loft, Hjar siele nei de himel op, En jowe frede en noft.

Hja sucht' wol swier, mar glimket blier: Sjocht mem fen boppen dol? Och earm', hja is sa lang al wei! Hja wier sa sêft, sa gol!

Heech yn de himel, einleas heech,

By God yn 't himelryk, Is mem dêr net, yn silligens Oan Jezus' mem allyk?

Marye, djipbisochte frou, Hwa hie sa'n leed as Jou? Hwet wiif, hwet faem, hwet lieawjend hert Moast lije lyk as Jou?

Mater dolorosa! Dou fordroechste tûzen pinen; Alle smerten wierne dinen; Mar dyn stele bûgde net. Jezus, 't lieafste detste hieste, Dy forlearste, O, hwet flymjend djippe smert!

O Marye Sjoch myn Iijen, Hear my kleijen Foar Dyn troan. Sjoch myn lieafde, klear as wetter; Lieawje kin gjin skepsel better; Hwent sa lieaf het God de minsken, Dou, Mary, Dyn soan!

't Blomke keart him nel de sinne, Mar myn hert nei him; 't Sintsje spegelt yn de dauwe; Sa myn hert yn him.

Alles, hwet Dyn soan my learde: Lieafde en trou en selsforjitten, Alles, alles woe 'k folbringe; Mar om him, om him!

Mater dolorosa! Ho wierstou to moed, Do 't Dyn soan, Dyn ien en alles, Weikromp yn syn bloed? Do 't de krêften Him bijoechen, Do 't min Him trochstiek... Mater dolorosa, wier 't net, Ef dy 't herte briek?

O Marye, sjoch myn lijen! Alles wol ik dwaen! 'k Wol myn goed, my sels, myn alles Oan de Heare jaen. Tûzen deaden wol ik stearre, Alles wol 'k bistean, Mei mar 't ûnk syn holle oerdriuwe, En wer fierder gean....

Wol God, myn heite hert bisêftigje! Wol mei Jou lieafde him bijeftigje! God, brek det hege moed!

Mar 'k ha sa'n noed! 'k Seach fjnr en bloed; It kriichsswird seach ik blinken.

Syn folk waerd wei; Hy gyng hjar nei - 'k Seach him yn lôge sinken.

Mater dolorosa! Sjoch myn leed, sa djip en near. Goede blanke stele; Wês myn foarspraek by de Hear!

Dy súvre bea kleau op nei 't swirk, It offer fen in herte; Hja fierde in stele wjukk'ljend op Ut d' ôfgroun fen de smerte.

En strak - lyk as in wite swan By jountiid op de mar, Sliept fredich Sicko lieaflik bern; De himel sjocht nei hjar.

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.
It jonge Fryslân · Pieter Jelles Troelstra · Poetry Cove