De Pylgrim.
Yn skimerjoun sit Gratinga Mei Gerbrich yn it seal; De lêste reade sinnestriel Forljochtet hjar mar heal.
In tsjinstfeint komt de keamer yn: ‘Der is in pylgrim foar, Dy freget om in ûnderdak; Hy wachtet by de doar.’
‘Hy komme harren,’ is 't biskie, En Gerbrich set in sit, Hwêrop in pylgrim, âld en griis, As wirch, hun fâlle lit.
Hja bringt him flesk en skinkt him wyn; Mar 't measte lit er stean. Hja fielt, as s' yn syn eagen sjocht, In kjeltme oer hjar gean.
Al ringen het er 't iten dien, En tanket for it miel. ‘Ik krige,’ seit er, ‘fen jou ginst Moai ryklik jouns myn diel.
Ik woe wol graech, as 't barre mei, Jou dêr jou lean for jaen. Goud hab ik net, ek oars gjin goed; Mar sjonge, det kin 'k dwaen.
As 'k jimme dos in deugd dwaen kin Mei 'n sang, det doch ik jern'; In Noardske balke hinget dêr? Hawar, wy kinne 's sjean.’
Hear Sicko weitst út dreamen op: Ei ja, det mei 'k wol ha. In lietke, fromme broeder; sjong Der mar fol fleur op ta.
Nou kriget Gerbrich 't instrumint En jowt it Teaco oer; Wyld taest er yn de snaren om; Heal doelleas, mar fol fjûr.
‘In fleurich sankje?’ seit er den, O hear, det kin ik net. My is de sang de tael fen 't hert; Net fleurich is my 't hert.
‘Né, 'k swij den lieawer, en bidear Jon fleurich sin mar net.’ ‘Helje op jou sang,’ seit Gratinga; ‘En sprek de tael fen 't hert.’
De jonkfrou trillet as in blêd, En hâldt de siken yn; De pylgrim sjocht hjar siidlings oan, En set in sankjen yn.
It is in sljucht, ienfâldich liet, Det fen it spyltúch rûst. Mar elts fornimt de sé fen leed Dy 't yn de toanen brûst.
Hwêr det ik kaem, Gjin oare faem Koe sa myn hert bilêze; Yn fleur en noed, Yn goed en tsjoed Mocht ik by dy wol wêze.
Myn wille en smert, Myn hiele hert Woe 'k dy wol iepen lizze. Myn stele en sin, Al hwet ik bin, Det woe 'k oan dy wol sizze.
Ik leau for fêst, Myn leed en lêst Dy scoestou wol wer helpe. De swierste sucht, Dy 't hert ûntfljucht, Kin troue lieafde stjelpe.
As 't moed m' ûntsonk, Fortiisd yn 't ûnk, Binypt troch libbens pleagen; - Ik foun wer ljocht En libbensnocht Yn 't blierkjen fen dyn eagen.
Dou seachst my oan, En 'k fiel it skoan: Dou mienst it my sa tige. Al sei 'k it net; Dou kinst myn hert: Ik woe wol, det 'k dy krige.
Mar 't kin net ha; En 't moit my sa; Wy kinne elkoar net krije. Dou mast om my, En ik om dy De swierste pine lije.
Nou doarmje 'k om, Forbûke en stom; Gjin faem kin my bilêze; Hwent hwêr ik bin - Myn stele en sin Wolle iwich by dy wêze! -
It liet is dien; de sanger swijt En set it spyltúch del; Stil sit it bern fen Gratinga; Hjar boarst giet op en del.
Mar as s' elkoar yn d' eagen sjean, Den brûst er troch hjar lea Ien fieling: Iiwge lieafde en trou Ont d' ûre feu de dea.
Hy seit jin Sicko, dy 't er ek It hert oan 't triljen brocht: Det is in sankje út d'âlde tiid; Ik ha 't as feint bitocht.
Do ha 'k troch 't woedsjen fen de haet Myn bêste faem forlern; Gjin moaijer faem as Teatske, wier Yn 't hiele gea to sjean.
Blank wier hjar siele, waerm hjar hert, En kras en fluch hjar hân; Mar 'k ha dy lieawe faem forlern Troch heite ûnforstân.
Hy wier in man fen krigel aerd; Mar hird en rou fen moed; Syn wachtwird wie: troch 't swird ta rjucht; Syn kinspreuk: bloed om bloed.
Hjar heit hie krekt sa'n aerd as hy; En altiid hien' hja skeel. Det makke 't libben hjar ta lêst, En lijen waerd ús diel.
Hja fjuchten iwich; moard jin moard; En barnden det 't hwet die. En woestens folge woestens op; Neat, hwêr de wraek foar stie.
Myn faem waerd dêr it offer fen; Hja stoar, dy blanke blom. O God, wier haet en wraek er net, Hwet wie de wrâld den rom!
‘Dêr wit ik ek in sankje fen; Ik leau, it bleau my by. It sprekt fen lieafde en 't sprekt fen haet; O, harkje is goed nei my!’
Mei 'n lûd, det opstekt as de stoarm, Dy giert troch 't wintrich wâld, Dy mei syn near gebolder sjongt In deasang for de wrâld;
Sa ropt de pylgrim, as er grypt Yn 't machtich spyldersark, En lege toanen rôlje lit: ‘Fen haet scil 'k sjonge; hark!’
Grym as 't roafdjier, det omglûpt troch tsjustere wâlden, Helske lôge yn it each, en de tosken heal bleat; Wyld de hierren oerein, en de neilen al klear Om it laem to forskûrren, it douke to knoijen; As in pod sa feninich, dy omkrûpt oer 't paed, Is de haet.
Haet is 't bern fen de divel, út lieafde faek berne; Haet is sister fen 't leed, det yens libbenslok fret; Haet is maet fen de sonde, fen brân, moard, forgif; Haet is mem fen de wroechwjirm, dy 't hert yen tofiket. In wolk fen fordjer walmt er op út de saed Fen de haet.
Haet is 't swarte fenyn, det de divel yen yndript. Yn it hert falt ien drip, dy 't him dalik forspraet. 't Waechst aloan, en de siele, dy blank wier en skjin, Wirdt fen 't gleaune fenyn nou bismodze en trochkankre. Gjin fjûr, det sa barnt, det sa'n walmen forspraet As de haet,
Earm, ja earm neam ik dy, al hest skatten en troanen, Hwaem de haet ta syn slaef het; dyn libben is nacht; Dyn hert is in tsjerkhôf, hôl, tsjuster en kâld, Dêr gjin blommen op bloije, gjin fûgels oer floitsje. Bleeke dea strampelt orn mei de seine, op it paed Fen de haet.
Hy swijt en sjocht Hear Sicko oan, Dy stiif to harkjen sit; Hwaems ljochtgriis each, oars strang en kâld, Yn freamde lôge stiet.
Syn noasters stean wild út enoar; Rêd beeft him d' ûnderlip;
Hy fielt de pine, djip yn 't hert, Fen dy feninedrip.
Der giet hwet om yn Gratinga! Hy sjocht him selme, en - trilt; Wykt for syn egen byld tobek; Bitinkt syn lot, en - skrilt.
En hja, det byld fen lieafde en ljocht, Dy stille, bleeke faem, Hwaem by dy sang in neare wolk Fen freze ya 't herte kaem;
Hja hinget oer nei Gratinga, Hjar antlit by syn wang, En sjocht him troch hjar triennen oan, Skril, freegjend, lang en bang.
‘Hwet oars,’ seit Sicko, ‘fromme man! Dit liet bifâlt my net. Wy moatte fleurger sangen ha. Dit krijt yen freamd by 't hert.’
‘It oarde part fen disse sang,’ Seit Teaco, ‘is fol fen tier. Dit wie de haet, det is de min; Dy makket gol en blier.’
Do naem er wer it spylwirk op, En d' eagen fjurken him; Syn wêzen lei in himel oer; In ingel spriek út him.
Bûg, ierde, for de himel del, En lit dyn sangen driuwe; Lit as in ljurk nei 't hege swirk Dyn hertelofsang kliuwe! Mei snareklyngklang, harpnelûd, Lofsjong de lieafde, 't heechste goed!
O, wirch fen 't bodsjen, minskneskaei, Sjoch op, tsjoch op fen d'ierde; Lit himeldau oer jimme hert Syn koele frede spriede. Forjit, forjit, o wjirm, dyn striid! Wês, minske, yn God nou einleas bliid!
't Sy jimme treast by goed en noed, Det, boppe 't swirk, de Heare Syn ear net for jimm' sletten het, En 't kwea goed scil biteare. Det oer jimm' fjuchtsjen, rou en hjit, Gods lieafdesinne yn gloarglâns stiet.
It swirk is Gods blaustrieljend each, Werkeatst yn 't kleare wetter; Sa fâll' Gods lieafde yn 't minskehert, En meits it ljochter, better. Sa hinget ek Gods albiwâld Great, machtich oer de minsknewrâld.
Bisocht troch 't tsjoed, o gryp wer moed! God scil dyn suchten stjelpe. Bisocht troch 't kwea, o wird wer goed! Gods lieafde scil dy helpe! Ut nacht fen sonde, út jinspoeds sé Kliuwt laeitsend op Gods goudne fré!
Ut Jezus' dwaen op Golgotha Scille alle minsken leare, Det lieafde 't wyt fen 't libben is. ‘Forjow,’ sa sprekt de Heare. Det, hwa 't him sels forsmyt, forjit, As God yn 't Boek fen 't Libben stiet.
Nêst tûzen jier sonk Jezus wei Yn 't grêf, mei skande oerditsen; Nou wirdt oer him as oer in God Fen millioenen spritsen. De lieafde for Gods bêste soan Wiist him in sit yn 't Gods hûs oan.
De lieafde is God! hja makket ryk, Foldocht de djipste winsken. Hja makket d' ierde in himel lyk, Ta ingels sljuchtwei minsken. Wy siikje rêstleas om nei rêst... Hab lieaf! dêr einget alle lêst.
Hab lieaf! - 't Wirdt ljocht! Wyk, swarte haet! Nou moatte d' ûlen skiede. Wyk nacht, dou mei dyn tsjuster skaed! De sinne komt oer de ierde. Tsjilp, tsjotterje op, swel, mosk en ljurk! Bûg, minske! God stiet selme oan 't swirk.
‘En nou,’ sa sprekt er mei in lûd, Det trillet, himelblij, Nou scil ik fierder, eale Hear; Gods lieafde stean jou by.
Ik winskje jou dy frede ta. 't Wêz' yn jou siele dei. As dêr de haet gjin wenpleats het Is 't hearlikst lok jou nei.
Het faek in minske jou misdien, Forgeat er fen jou bloed, Den winskje ik jou as wrake ta: Forjild it kwea mei goed.
‘Forjowing jowt allinne rêst Oan 't hert, det siz ik jou; En alle wirken fen de haet Jowe iwich neibirou.’
Mei jowt er Gratinga de hân; Mar disse sjocht him oan - En skrilt - en lûkt de kap him óf... Ja wis, 't is Douwe soan!
Nou wykt de frede yn 't flamjend each, Det read birint mei bloed; De hân oan 't swird, sa stiet er dêr; In lieuw, sprongklear, forwoed.
De faem, dy 't mei in skreau fen skrik Him yn de earmen fleach, Dy stompt er mei ien dúst tobek; Oer Teaco broeit syn each.
Mar disse bliuwt dêr rêstich stean; Stoer as in ikenbeam Dy sûnder bûgen 't haed opstekt Yn 't unwaer oan wâld's seam.
't Is stil - hja steane foar elkoar; Hjar mûlen binne stom. Skrik, woede en lieafde's fêste moed Brûze yn dy herten om.
‘Ja, ik bin Teaco, Douwe soan,’ Seit disse, ik song for jou. Nou witt' jy alles; op nou, op, Nim wrake, dei my nou!
‘Myn heit het jou in soan ûntnomd, Nim wrake; dei jy my; Den binn' jimm' lyk; stiet ta, stiet ta! Mar lit den d' oaren fry!’
‘Stil,’ lústert Sicko, heas en rou, Jongfeint, ik dei dy net; 'k Biklei dy en det earme bern. Foart, foart, my brekt it hert.
Ik - God, hwet wird ik swier bisocht - Ik kin net mear forjaen. Foart, wachtsje ús ôf, tel komme wy. Dêr is neat oan to dwaen.
Der is in wet, strang, kâld as stien, Mar ûnforbidlik wier: It bern moat lije om d' âlders skild; O bern, jimme ûnk is swier!
‘Ik hab in eed fen wrake sward; Dy brek ik nimmer net. Forlit dit hûs, sa tel as 't kin. Disse ûre kaem to let.’ ‘Heit,’ bidt nou hja mei mylde stim, En fâlt hjar heit to foet, Jy witt', jy brekke my it hert; Forjild it kwea mei goed.
‘Jou egen bern, det neat misdie, Scoe lije troch jou hân? - Jy wilt' nou alles; siker, heit, Jon wrake is ûnforstan!’
‘Stean op,’ seit Sicko, ‘bern, stean op.’ - Né heit, earst hear my oan. Wit, al myn libben en myn lok Det leit yn Douwe soan.
‘Mar’ - en nou komt hja tel oerein - ‘Him bliuw ik iwich trou. En Teaco dea is ek myn dea. By God, det wik ik jou.’
‘Feint, út myn hûs,’ falt hy nou út, ‘Nou dalik, dalik foart! Forwachtsje 't ûnk foar jimme stins. Det is myn lêste wird.’
Mar Teaco ropt yn triennen út: Faem, iwich farrewol. Forjit my, dy 't dy nea forjit, Blank hert, sa trou en gol.
Mar brek dyn skildleas libben net; Laed op dy sels nin nok. Farwol, faek bloit er yet for dy Op ierde in hearlik lok.
‘Licht fâl ik; mar myn lêste sucht. Myn Gerbrich, is for dy; As my de lêste sike ûntfljucht, Den faem, yet seinje ik dy!’
Hôl klinkt syn stap den troch de gong; Hôl klinkt er yn hjar hert; Sa beart it, as de hammer slacht, For 't lêst, op 't swarte fet.
Hja fâlt; swart sjocht hjar Sicko oan; Ek him is 't moed sa fol; Mei triennen sjocht dy hirde man Op Gerbrichs lijen dol.
Mar teffens bromt er: ‘Douwe fâlt, Hwet as der den ek bart; Hy scil forgean mei wiif en bern. Det scil! - ik hab it sward.’
Cookies on Poetry Cove