Skip to content
1882

It jonge Fryslân

Pieter Jelles Troelstra

De nije feart.

‘Kom mannen! 't is tiid, de lodde yn 'e hân, Kom! wol nou de hannen ris reppe ! De sinne stiet heech en skynt noflik oer 't lân, De hannen ris fluch oan 'e skeppe. It wirk leant syn master, nou fâlt it ús swier; Mar is it biredden, den jowt it ús tier. It giet for ús Fryslân, sa tinke wy mar, De neiteam seit ienkear yet tank ús derfor.’

Sa spriek in man syn wirkfolk ta, Det iverich to graven stie; En wylenst lake en song it sa, Krekt as hjar 't wirk mar boartsjen wie.

De man dy 't jinsen soarchfol seach, Mar dochs sa blier en doch sa gol, Foel aenstouns elk en ien yn 't each, En op in pryster like er wol. En frege 'm sims fen 't wirkfolk ien Om wirk of wol nei goede rie, Den hie in lústrer wol forstien Det hy hjar haedman Bouwe wie,

Dy, 't ûndernimmend mei forstân, In feart groef, dwers troch 't Fryske lân.

‘Kom mannen!’ sprekt er 't wirkfolk ta: Kom mannen! nou in sang; Lit ús in noflik lietsje ha: Us Fryslân libje lang! Kom lit ús sjonge, blier en klear, Us wirk en Fryslâns rom ta ear!’

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.
It jonge Fryslân · Pieter Jelles Troelstra · Poetry Cove