Skip to content
1882

It jonge Fryslân

Pieter Jelles Troelstra

De founling.

Yn âlde, lang forroune tiden Do stie der by de Smelle Ie In kleaster, det mei syn biwenners De rom fen 't âlde Fryslân wie.

De mountsen fen det kleaster wierne Bikend troch flyt en troch forstân; Hwent d' alderearste turf waerd stitsen Troch 'n lodde yn ien der broerren hân.

En yn ús lâns histoarjeboeken Is iens mei greate letters set: Hja dien' for Fryslân hwet hja koene, Dêrom forjit hjar 't neiteam net.

Ien ûnder hjar wier altiid d'earste, De gnapste, ûren yn it roun, Bikend troch rom, bikend troch greatheid En 't aeklik útein, det er foun.

't Wier ienkear, op in kâlde Krysttiid, Wylst wyld de stoarm om 't kleaster fleach, Det yette in mounts, let yn 'e jountiid, Nei 'n earme stearrende ta teach.

Hy strampele oer de keale diken; De jachtsnie fleach him yn 't gesicht, Mar kearde 'm net; syn doel foar eagen Tocht hy mar om syn Kristenplicht.

Mar boppe 't âljen fen de stoarmen, Dêr heart er, aeklik lûd en klear De needrop: ‘Minsk en, wol ús helpe! O! help ús dochs, ik ken net mear!’

Noch ienkear ropt dy neare stimme En den is alles stil en dea, En d' âlde mounts is glêd forbjustre, In kjeltme giet him troch de lea.

‘Hjar striid is dien,’ sa mei er tinke, ‘Hja binn' yn 't wylde wetter stoarn. O Hear!’ sa bidt er, ‘moat' hja stearre, O! nim hjar yn genade oan!’

Mar sjoch, hwet leit dêr foar syn foetten? - Hy tilt it op; hwet mei er sjean ? Det pakje, oanspield troch it wetter, It is in lieaf, oannimlik bern.

It libbe yet, en sloech syn eachjes Sa tankber op, it lytse hert, As woed it d' âlde mounts wol freegje: ‘O nim my mei! forlit my net!’

‘Né, stimper, dy scoe 'k lizze litte? Né, sûnder dy scil ik net gean.’ Hy koeze 't bern, en makke 't warem, En dekke 't mei syn prysterklean.

Hy gyng werom en kloppe oan 't kleaster En spriek do al de broerren oan: ‘Dit bern syn âlden binn' fordronken; Wy nimm' him ta ús, as ús soan.’

En bar om bar naem elts it berntsje; Hja joegen 't oer, de iene oan d' oar' En 't klonk yn 't roun, as fen ien stimme: ‘Wy soargje er allegearre foar.’

‘Ho scille wy it boike neame ? De Himmel krigen wy him fen, Mar Bouwebroer het him biwarre: Dos Bouwe neame wy it bern.’ -

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.
It jonge Fryslân · Pieter Jelles Troelstra · Poetry Cove