Teaco en Gerbrich.
De tsjerke fen Westerbjirrum
Naem Teaco en Gerbrich op;
En hjar ûnk waerd djip biklage,
En fier oer 't lân gyng hjar rop.
Laei Douwe syn Hûs ek yn gruzels,
En bleau Sicko syn stins dêr ek stean,
Oer dy beiden liet letter it wetter
Syn wylde weagen gean.
De sé het it lân oerditsen
Mei wetter, heech en leech;
En alles is tobritsen,
Ho hecht it wier en ho dreech.
En oer Westerbjirrums tsjerke
Skolpert nou de skomjende sé,
En de weagen fortelle elkoarren
Fen Teaco en Gerbrich's wé.
En as hja tsjin 't strân oan stjitte,
Den sjonge s' ienteanich hjar liet,
En fortelle fen Teaco en Gerbrich,
Fen hjar lieafde en hjar fortriet.
Ljouwert, Haimoanne, 1881.