It spûk fen de lange sleatten.
Hwa is dy swalker dêr allinne,
Yn nacht en dau?
Hwa mei dêr rinne,
It hert fol rou?
Foardel de holle,
De hannen gear;
Hwet mei er wolle,
Sa skou en near?
Heech binn' syn jierren,
Syn klean binn' âld;
Hwet docht er hjirre,
Allinne yn 't wâld?...
Stil giet er dêr, dy âlde,
Gjin minske sjocht er oan.
De smid ten Earnewâlde,
Foar ieuwen al forstoârn.
Wol faek yn neare nachten,
As wyld de stoarmwyn raest,
En oer de wide fjilden
It skomjend wetter blaest,
Den is er net allinne,
In oaren is der by;
Ald mei de man wol lykje,
Folle âlder yet is sy.
Hja strune, en siikje om 'e oarde,
Dêr eren Wartna stie;
En neare klachten klinke 'r,
En rûze 'r om Smelle-Ie.
Is yet in skipper bûten,
Den giet er stil oan board;
Hark! d' ûlen âlje en geije,
En mem en soan bikleije
De Fryske broerremoard.
Grou, Hearstmoanne, 1882.