Mem en Soan.
Hwa brekt dy ienlykheid fen Earnewâldes petten ? Dy deade wyldernis mei syn ûntelbre sleatten, Hwêrút it sodzich lân syn rûge reiden stekt, Dy't rûze as jouns de wyn der wyld troch hinne brekt? 't Is as hie nea nin minsk de stiltme hjir forbritsen, As wier 'er nea nin skip oer dizze wetters stritsen; As wier de Skepper fen de Himmel en fen 'e Ierde Sa krekt fen dizze groun, as d' alderlêste, skieden. De sinne fâlt al del, en út it wetter kliuwe De tichte dampen op dy nei de Himmel driuwe, Om oare streken wiette en krêft ta groei to jaen: Sa ken disse oarde oan 'e ierd' noch nut en segen dwaen.
Hwa binn' hja, dy 't nou yet troch dizze lânnen rinne? Hwa binn' dy beide doch, hwêrearne moat' hja hinne ? It lykje man en wiif, hwet doch se hjir sa let Yn 't rûge reid, dêr oars gjin ien syn foetten set?... 't Is neare tsjustre nacht, gjin stjerke skynt fen boppen; De reiddomp gûlt net mear; allinne d'ûl' syn roppen Forbrekt de stille nacht, dy 't him syn wille jowt, Omdet er, skou fen 't ljocht, nin kleare dei bitrout. It twatal rint mar foart oer sodzen en oer diken, En 't lykje spûken wol, as wiern' 't opstiene liken, Dy 't sochten om in skat, dy, ûnrinchtfeardich woun, Forsonken lei yn 't djip, bidobbe earne yn 'e groun. Al wylder wirdt de streek, al stilder 't om hjar hinne, En ûren yn it roun binn' beide lykme allinne...
Hwet wolle hja dêr dwaen? hwet 't wyt doch wêzeken Fen 't pear? It is nin goeds, itmei nin deiljochtsjean. Hja wixelje gjin wird, ont hja bij 'n hichte steane, Hwerop togearre nou de twa nei boppen geane, En oankomme op 'e grien begroeide top. Nou seit it wiif: ‘Wy binn' der hjir; hâld op!’
En dêr stean hja den, de swalkers, dy 't yn nacht en tsjusternis, Wylst de dauwe kâld yen oanslacht, omtrêdsje yn de wyldernis. d' Iene, 't wiif is griis fen hierren, 't Antlit groefd fen âlderdom, Soarch en leed; fortiisd troch 't stoarmjen hinget wyld it hier derom. En sa 't hja dêr stiet yn 't tsjuster, liket hja in kweade geast, Dy 't der stiet hjar klear to meitsen for en divelsk hexe-feest. d' Oar, in man, is wyld fen wêzen; as min dy yn 't oansicht sjocht, Wirdt min skoftich fen de lôge dy syn loerend each ûntfljocht. Smid fen hantwirk moat er wêze; hwet er oan him het is swart; Swart fen hier, fen holle en hannen, donker ek for fêst fen hert.
't Moantsje kipet troch de wolken, 't sêfte ljocht glydt oer de groun, En dy strielen brekke it tsjuster, blierkje en glânzje fier yn 't roun. Beide steane se op 'e hichte, en dêr leit nou, klear en bleat: d' Iene kant: de rûge fjilden; d' oare kant: in breede feart. Yn de fjirte stekke toerren út de tichte beammen op, Yn 'e grauwe wolken rikkend, mei it kriúsbyld yn 'e top; En de reade ljochten stekke freamd by 't bleeke moanljocht ou, Det nou troch de wolken kipet, spûkich, skril, by 't nachtlik grau. Mar de beide swalkers tinke net om 't moaije fen it gea; Ne! hjar hert slacht for de wrake, yn hjar binnenst broeit it kwea. 't Alde wiif forheft hjar stimme, en hja sprekt op rouwe toan: ‘Kom op dizze hichte, Wibe, hear nei myn forhael, myn soan! - Iens, yn langforroune jierren, do 't dy stêd noch net bistie, Do 't hjir noch gjin Kristnen wierne en ús Radbod kening wie, Is dy greate stêd dêr stichte, en, myn soan, forjit it net,
't Wier dyn stamfaer, dy 't him boude, en hy neamde 'm: Wartna-stêd. En do 't hy syn wirk biredden, en syn stêd dêr lizzen seach, Tilde 't herte 'm op fen heechmoed, greatskens strielde 'r út syn each. Mar syn heit, dy âlde kening spriek: ‘Myn soan, kom, hear nei my; Dizze stêd scil groeije en bloeije, lange jierren yet hjirnei; Mar syn tiid scil ienkear komme, iwich scil er net bistean; Al it ierdske moat forstearre; dizze stêd scil ek forgean. Hwent as út myn neiteam ienkear d' iene broer de hân forheft, Mei de skerpe moardpriem waepne, en sa de oare deadlyk treft: Den scil hjir it wetter rinne, en forwoesting folget nei, Alles scil yn 't djip forsinke, en dyn moaije sted sinkt wei.’ Dit foarspelde d' âlde kening, en de stêd het altiid woun; Handel driuwt er, en syn skippen, stjûrt er Fryslân yn it roun. Nimmen tinkt mear om de wirden, dy 't ienkear de kening sei, Elts mient, det syn slachte is útstoarn, d' âlde keningsstam is wei.
Wartna-stêd is ek foroare, 't is hiel oars, as 't earder wie; Nou stean greate Kristentsjerken, dêr earst Wodans alter stie; Us Alfader is forgetten, en syn timpels lizze plat, Freamde prysters, keal fen holle, brochten ús in freamde God. Alles habbe se ús onthelle, neat bliuwt for ús op 'e wrâld, En in breede feart scil rinne, dwers troch Wodans hillich wâld. Dêrom: flok oer dizze fjilden, noait komt hjir wer segen oer; Lit Thors hammer se fordylgje, mei syn fleanend bliksemfjûr! O, Alfader wol my hearre, kear dyn antlit ten hjar ou, Wol se struije yn alle winen, lit se stearre yn djippe rou! Lit dyn sinne noait wer skine oer 't untaerdge Wartna-stêd; Lit gjin reindrip ea wer fâlle, nou, en noait en nimmer net. Hear, o Wibe! 'k wol dy sizze, hear myn soan, hwet ik dy lear: Ken dyn hân de stêd fordylgje, 't is in wirk ta Wodans ear. Ienkear Wibe, hiest' en broerke; yn it wetter is er stoarn;
Tagelyk bin hja fordronken, allebeide: heit en soan; Dos, dou hoefst gjin broer to deijen, hwent myn soan, dy hestou net; Mar dochs hestou yn dyn hannen d' ûndergong fen Wartna-stêd. Kom, foarút! for ús de wrake! dêr 't de feart sa fredich rint. Dwers troch bosk en greiden hinne, Dêr is 't, det ús wraek bigjint,
Cookies on Poetry Cove