II.
Wittenskip, dij 't men allinne for jen sels hâdt, is in dea kaptaal. Al, wat men wit, mat rinte dwaan: dij sil ir jen ek ris fen oaffrege wurde. Men mat syn wittenskip goed for jen sels in for ore uutsette, ir sels better troch wurde in in oor ir better troch meitse. Wij libje dochs net allinne for uus sels, mar for eltsjoar in mei eltsjoar. De maatschippije is ien kjetting, wer elke minske in keatKeat, schakel. fen uutmakket, in dij, 't yn in oar smeid, de kjetting binne.