III. Metten bringt my hwêr ik wêze woe, ik mien by dy spreuken, dy yn somlike boärden of pannen stean. Dy spreuken, dy ik op safolle pandiggels, thichte by en fen fierens, op hiemen en lânnen, sjoen hab, binne de oanliedende oarsaken wêst, dat ik er in opstel òer makke. Ho nuttich it for de minskelike maetskippij is dat de brekkende waren oan diggels reitse, scoene de forkeapers tsjùge kenne, sawol as de minsken dy se meitse en net forbrûke. Ho skoan it in minske past om to hâlden hwet er het, scoene allike gôed dy earme stakkerts tsjûge, dy by 't brekken fen in itenspanne hjar faken mei de ôerbleaune diggels bihelpe matte, dy sels den yet wol meager foldMeager föld, schraal gevuld. binne. - Is lykwols de iene syn skea de oare syn brea, den past it wolstelde lju net, om ôer in lyts ongelökje sa fel to bearen. Earmen leart it foärsichtigens. KlibberjeKlibberje, kleven, hechten. wy allegeärre oan de wrâld en hwet dy foärtbringt, en hwet yen sa gleaunGleaun, gloeiend, schitterend. yn de eagen blinke kin, den sjugge wy faker nòch dat it brösse, brekkende waer is. Wy nimme 't just net kwea, dat elk yn syn stân en nei syn formogen him fen nedige dingen en forsiersels foársjucht: o né! Teffens miene wy frij to habben om út dy dingen, al binn' 't mar pandiggels, learing en nut to sûgen. - In mefrou het in servys sök àld, nijsgiërrichNijsgiërrich, zeldzaam; vergel. Fr. eurieux., wonderbaerlik porslein, dat alle greaten, dy it biwonderje, graech hjar lêste hondert goune joegen om it to bisitten. Dat streaketStreaket, (strookt) streelt. dy mefrou den danich. Hja kin in disse biwondering hjar hele libben slite, hwent min seit dat yn de hele wrâld sök porslein net mear to krijen is, fen dy stoffe, sa biskildere en sa âld. It is ek in erf fen âlder ta âlder. Mefrou Blinker is in gôed, wolmienend minske; hja docht folle gôed oan de earmen. Jonge fammen út de lege stân nimt se oan hûs, himmelt se op, leart se seden en menearen, en makket er fammen fen dy klinke as klokken. Skoënmakkers Iebel is de lêste dy dat lök to barTo bar, te beurt. fôel. Iebel wier handich en skoan fen oannimmenSkoan fen oannimmen, uitmuntend van aannemen, flink kunnende leeren.; mefrou bitroude hjar alle ding; mar mei de mûle wier Iebel throchgeans foarbarich en frij hwet rou: dat woe mar net ôfleare. - ‘Mefrou, komme jy efkes foar!’ sei se ienkear. - ‘Foei, Iebeltje! als 't mefrou belieft! mut je segge.’ - ‘Ja, dat spant om dat altiid to onthâlden. Nou, as 't mefrou biljeaft! ik hab foar dat grou blau thégûd fen 't spynSpyn, spinde, kast. reageReage, geraagd, gegooid. mei 't lear.’ - ‘Och hemel!’ sei mefrou, en bistoar as in dôek. - ‘Myn ljeave minske!’ sei Iebel forwondere, ‘it is in ongelök! Wirde jy nou fûlFûl, boos.? Ik wol jo wol graech in heal dozyn helte moäijer wer jaen, mei earkes en reade blommen. Sjoerd Wip leit hjir mei 't potskip.’ - ‘Skepsel!’ seit mefrou, en wartWart ôf, weert af. Iebel, dy hjar helpe wol, ôf. - De gefölgen: Iebel út 'e hier; mefrou senuwachtich en siik, - en earme fammen kinne by mefrou nin plak mear krije. - Dat it mefrou Blinker roude om hjar servys is allike min in wonder, as dat Iebel in ongelök bigong. Beide minskelik! - It lexum for ús is mar, dat wy net nei eare, rom en bisittingen jeije, dy ier of let yn diggels foroarje. Hwet in moai sinnebyld for ús greate forwachtingen en plannen, dy faek as reek forstouwe. Wol wirdt it soms bisocht as 't ek wer steapelje wol, en sizze wy: sa wier it en sa moäst it! - krekt as mefrou, do se hjar moaije diggels gearpaste sei: ‘So sat et!’ Mar diggels bliuwe diggels of biplastere reauReau, allerhande goederen, ook gereedschap, een stel van iets enz.. Do dy mefrou wer hwet op 'e hael kaem brochte in bôerefamke hjar ris bûter yn in braskôer. ‘Wat nou,’ sei mefrou, ‘boter in 'en boerebord? Waarom geen wit?’ - ‘Och mefrou, sei 't famke, ‘ús wite panne is oan diggels. Mem het koärts gûdsGûds, sommigen, eenigen, hier als pron. dem., daarvan, er. mei lêzenLêzen, alles wat gelezen kan worden. koft; dêr habbe wy sa 'n nocht oan. Sjuch, yn disse stiet: Arm en rijk Bij God gelijk. Den ha wy thús yet: Porselein en glas Dat breekt zoo ras! en: Wensch u niet rijk; Goud is maar slijk, en: Een vroom gemoed Is 't hoogste goed, en: Wie God bemint Heeft God tot vrind. O, wy habbe sa 'n bulteBulte, boel, menigte., mefrou.’ - ‘Hoe gaet et moeder met de kleine?’ frege mefrou. ‘Hoeveel broers en susjes heb je nou wel?’ - ‘Fen elkmes seis,’ sei 't famke. - ‘O, wat 'en boterhammen daags!’ - ‘Ja,’ sei 't famke, ‘wy habbe ek in panne, dêr stiet yn: God geeft in nood Ons hulp en brood.’ - ‘Je ouders moete nog al 'en hooge huur fan de boerderij geve; 't komt seker sober om!’ - ‘It knypt wol ris hwet, mefrou! Wy habbe ek in panne dêr yn stiet: Honger maakt raauwe boonen zoet, en: Besteed uw tijd Met noeste vlijt, en: Sparen en garen, Dan kan men het klaren, en: Houdt maar aan! Het raakt gedaan. - De boerenstand Doet nut in 't land. - Weinig geld, Weinig zorg. En den yet ien fen Smakelik eten! mefrou!’ - ‘Wel,’ sei mefrou, ‘wat kan je fan buten opsegge!’ - ‘Ja, mefrou, en den prate heit en hjar ôer dy spreukjes, as 't wol wier is of net. Lêsten tsierdenTsierden, keven, kibbelden, twistten. heit en mem hast ôer Weinig geld, weinig zorg. Dat roan so heech, dat heit dreamde dy nacht, sei er, dat Piter Belle en Sytske Slof dy fyôeldonsenDat P.B. en S.S. dy fyôeldonsen, dat P.B. en S.S. dansten als voor de viool. op houten klompen op de lege tafel, foär de kâlde hird, mei in grude strieGrude strie, bos stroo. yn 't feinster. - ‘Wel meiske,’ sei mefrou, ‘ik loof jou leere meer fan bonte borden als ik fan witte. Hier is wat foor je spreuk-opseggen! ('t Famke krige in stûr.) Moeder dag seggen, hoor!’ - Myn onderwerp, Achte Taheärders! wirdt riker. Moch immen my foär de skinen smite, dat it, ja, wol in aerdich stikje út it deistichDeistich, dagelijks. libben is; mar lykwols hast net foldwaende for in Nutspreek: dy wol ik mei 't fölgjende tsjinje. De Maatschappij tot nut van 't Algemeen het sont hjar bistean machtich folle gôeds stichte en stichtsje wold. Hwêrtroch meast? Throch skriften for de gemiene man. Faek wier dat wol ris tröffen, mar ik think hast fen yet faker mis, for sa fierSa fier, zoover. mis namelik; dat de lêsbere waer, dy fen de Maatschappij útgong, net gretich oannomd waerd. ‘Hwet habbe jy dêr?’ waerd my foär jiërren ris frege, do 'k in boek út de bibliotheek fen de Maatschappij helle hie. - ‘In ding fen 't Nut.’ - ‘Ei, is 't oars net? Stiet de brilBril, lees: brul. der al foar yn?’Foar yn de boeken fen de Maatschappij plichte as wapen to stean, de earepenning mei hjar twa kanten nêst elkoar oan in kranske, in figuer dy frij hwet op in bril like. - Kaem dat nou fêst ek al, lyk as söks meast al komt, dat de Maatschappij gôeddwaen woe tsjin wille en thank? Of lit in minske aerd it net ta om him it ien of 't oar ta to thwingen? Of is licht yn dy soarte fen boeken de styl to drôech en ientoanich, omdat de skriuwers to folle forboun binne oan 't foärskrift? - Ik lit it allegeärre dêr. De Maatschappij, trou oan hjar bigjinsels, fart foärt, al spatte somlike fen hjar plannen en útsichten oan diggels. Priisfragen, om de minsken sedelik en stoffelik foardeel to biskikken, fölgje yet de iene op de oare. Fiks! Mar nou woe ik myn heärders wol ris freegje, as hja der wol ris om thocht habbe, ho aerdich en stil de pannen, dy de minsken brûke, hjar teffens spreuken onder de eagen bringe, dy min út de boeken net siikje wol. Sels de Bîbel is by de measten, hwet ik ris sizzen heärde: ‘of een pronkstuk, dat men zelden voorzichtig opent, of een verschoven boek.’ - Jouwe dy spreuken faek stoffe ta praten en thinken, lyk as ik it wol bywenne, den scil it nimmen mear nij dwaen, dat de prikkePrikke, stift, stokje., hwêrmei de panskriuwer syn spreuken kladdet, fiktoarje kraeije kin ôer de pinne fen de leardeLearde, geleerde., dy opfette wirdt om fölksheil to bifoärderjen. Ta forbettering fen panspreuken hab ik nea nin priisfrage sjoen, ta forbettering fen lietsjes wol dit en dat. - Wolnou, Taheärders! komt dy spreukskriuwers ek eare ta? Ommers de measte spreuken yn pannen, al is er faek in letter to folle of to min yn, binne sa, dat ien dêrfen wol in opstel wirdich is: sedeleas hab ik se nea sjoen. Eare den de pannebakker en skriuwer!
Alle pannen, Achte Heärders! wirde ier of let diggels, alle kastielen pún. Ik wol dêrom dat thinkbyld graech beet hâlde, dat in man fen stúdsje sa omtrint utere: ‘Als de wind het stof van uwe in puin verkeerde luchtkasteelen met zich voert, en gij wanhopende omdwaalt of bezig zijt andere, nog grootere te scheppen, ik bid u, neem den Bijbel!’ Hy koe dat mei folle rjucht sizze, en yet mear fölgje litte; ik lykwol, trou oan myn onderwerp, siz: As immen yn 't hjitst fen in simmerdei nei syn wirk trapet, de rêch fol, de hannen fol, de bûsenBûsen, zakken. lykwols leech, - en it gemôet sa barstende fol, dat de môed him sa nei de hakken sakket, dat hy er hast ôer ströffelt, den falt syn each op in smoärge pandiggel oan 't paed. Mei moeite lêst er dêr op: Biddend gelooven, Komt alles te boven. Sa 'n spreuk kin immen treffe as in thongerslach. Komt in minske throch syn bidriuw yn oanreitsing mei heech en leech; sawol op 't uterste fen in tôerspits as yn de leechste kelder fen in slot of kastiel: sawol by swiid klaeideSwiid klaeide, sierlijk gekleed. minsken en kostlike meubels, as dêr de iene belle de oare slachtDêr de iene belle enz., waar de lompen tegen elkaar slaan., en in blyn hynzerBlyn hynzer, blind paard. nin skea oanrjuchtsje kin; as sök ien dèn dat wrâldsbirinWrâldsbirin, werelds beloop. neigiet en oerthinkt ho dat onderskie sa great is; ho hy wol graech sá en sá libje scoe en woe, en lykwol mei folle oaren just sá en sá libje mat, en dêrby opmerkt, dat min licht mear út need as út ljeafde ta God yen just sá tsjûrje lit: den falt syn each op in pandiggel mei disse spreuke: Het is geen laagheid, voor God te bukken. Né, as wy oan in weitsende Foarsienichheid leauwe, den mat al hwet ús tsjintribelt ta ús foardeel útdije. De deugd verheugt, stiet op mannich pandiggel. Hoogmoed komt voor de val. - ‘De deugd verheugt! ja, dat is sa!’ seit men op 'e rige weiOp 'e rîge wei, op de rij af, algemeen.; as min 't by onderfining ek sa gôed wit?! Dêr woe 'k wel efkes op neithinke. As in minske deugdsum libbet docht er him sels it measte gôed; gemôetsrêst is syu lean. Lykwol is de striid soms bare swier (dat forhûget fêst net!) en forwint de deugdsume jimmer; hwet in heech nöchlik fielenFielen, gevoel. is dat! En den wirdt hy dêr licht great op; kin dat wirde eär 't er 't sels wit. Alle kwea doar hy onder de eagen sjeän, en fêst scil de greate Rjuchter, thinkt er, him net ôfwîze: hy is sa heilich! - Sök ien, dy lit syn bigjinsel ris hwet farre en is sa nau net mear yn lytse dingen; dat nimt sa folle ta dat hy falt; ik wol sizze hy bigiet in ondeugd, dy al syn greate ynbylde deugd to neate makket. Al is 't yn 't each fen de wrâld sa slim net, hy fielt him forbritsen. It rjuchte birou bringt him dêr hwêr forbritsene herten en forsleine geasten oannomd wirde, en krekt as kaem er in ljochtstriel fen böppen, sa sillich fielt er him throch it gelove dat syn skild forjown is. Hwêr wier nou de heechmôed? Meast yn de deugd. Of scoe dy fal, dy ondeugd ús ek like thicht by de Hear bringe kinne, as dat wy, sa deugdsum net fallen wieren? Alteast mien ik it sa dúdlik makke to habben, dat ek de ondeugd forhûgje kin. De gefölgen fen in ondeugd, woe 'k sizze, kinne den licht better godsfrucht preekje as heechmôedige deugd.
't Is krekt as ik er nocht oan krij, en ik wol yet ris, for de foroaring, sa'n pandiggelspreuk hinne en wer thriuwe. - ‘Beter benijd dan beklaagd!’ sei in wol binôge man tsjin syn wyfke, dy hast net forkropje koe dat er fen hjar sein waerd: ‘Ho dy lju sa yn 'e hichte kliuwe, dêr kin nimmen by. It seil wirdt mar heger en heger helle; nimmen kin dôch fiërder leäppeLeäppe, springen. as syn pols lang is.’ - ‘Dat komt dat it ús sa skoan giet,’ sei de man. ‘Ik stek de hannen út, ik wit hwêr Abraham de mostert hellet, ik libje mei dy yn frede, dêr wy beide God earje en thankje.’ - Dat wyfke waerd siik, en mei koärtenMei koärten, binnen kort, weldra. deadlike minMin, gevaarlijk, doodziek.; dy siikte fen 't minske dûrre sa lang, dat it al hjar wolfeart forslynde. ‘Och heden!’ seijen de lju, ‘hja wieren dêr beide oars altiid sa klôek en krîgel tsjin oan, en nou is 't allegeärre ellinde.’ - ‘Den bist net bang fen stjerren?’ frege de skriemende man oan syn wiif, do se op 't uterste lei. - ‘O, né,’ sei se. ‘Do it ús sa skoan gong, miende ik dat ik frede hie; lykwol klibbere ik alheel oan de wrâld. Nou hab ik it neatige fen alle wrâldske bisittingen field. Op dit eagenblikEagenblik, oogenblik. fiel ik allinne dy frede, dy wy yn 't oare libben wer brûke kinne.’ - Wer hie it rabbelfölkjenRabbelfölkjen, praatziek, lasterziek volk. in oaren beet, dy 't onneikomlike skoan gong: goud en silver hwet er blonk. - ‘Hwet in onderskie!’ waerd er sein, ‘dêr leit in minske op 't stjerren, mei alles brekMei alles brek, gebrek hebbend aan alles., en hjir is 't allegeärre ôerdwealskensOerdwealskens, weelde, overdaad.. As ik safölle bisiet, ik scoe 't oars oanlizze!’ - Nou wier 't sa, dy binide minsken libben mei hjar ôerflôed forkeard. Dêrom sei de man, do er syn panne mei böppeneamde spreuk wer seach: ‘Ik leau it is beter beklaagd dan benijd.’ Scoe ik alle spreuken opneame, dy op pandiggels forspraet lizze, dat scoe ús forthrette: ik kip er mar inkelden út. - Leer u zelven kennen! Ken u zelven. - Nou wol ik yn koärte wirden bilidenisse dwaen ho fier as ik mei minske- en selskennisse hinne bin. It komt hjir op del: In minske is in nuverNuver, zonderling. ding! - In âld man klaget yen syn need; hy het yn 't libben, seit er, oars net as forthriet. Howol dy man to bôek stiet for immen dy in dwarsbongel en ondogensk is, krijt er yen throch syn hege jiërren hast by 't hert. Syn soan, seit er, het mei in fine set him syn hûs en bisittingen onbrûk makke en sels yn bislach nomd; dêr hy yn syn fleur sa om wrötten en swalke het, en nou mat er as âld swakkelik man by freämde lju forkeare. Hy winsket dat de Hear him ringen weinimt; it libben is him ta lêst. - ‘Hwêr sjugge jy sa nei?’ freget dy man. - ‘Ik sjuch,’ siz ik, ‘nei dy pandiggel; ik bin in ljeäfhabber fen letters.’ - ‘Ja,’ seit er, ‘dêr sjuch ik ek wol ris nei.’ - Ik lês hird op: Lijdt gij smartelijk verdriet, Veracht daarom Gods liefde niet. - - Foärt dêrop forytForyt, overeet. dy man him oan greate beane en flökt him de mûle hast út enoar tsjin syn wiif, en daelk dêrop bidt er wer. - Is in minske net in nuver ding? Lit ús de diggels nou ris in greate wearde jaen. Lang, Achte Heärders! het myn holle myn bôekkas wêst, dêr thrôch scjitte my onder 't skriuwen in mannich rigels út in âld skoälbôek yn 't sin; it wier oer Columbus, de ontdekker fen Amerika. ‘De inboorlingen kwamen op het verdek eens schips. Een matroos liet aan eenen, die een klomp gouds in de hand hield, een koraal zien, waarop de Indiaan het goud liet vallen en haastig wegliep, meenende dat hij den matroos deerlijk gefopt had. Anderen zochten zorgvuldig de scherven van een gebroken pot op, en lieten er goudkorrels voor vallen.’ - Sadwaende binne diggels wol ris mei goud bitelle, sa 't liket. Seagen dy onbiminstreOnbiminstre, onbeschaafd. minsken gleaun tsjin dat gûd op, dat by hjar alheel onbikind wier, ek onder ús habbe pandiggels in greate wearde for de bern. Ik leau dat de bern hjar faek mei 't stikkene gûd mear formeitse, as de âlden mei 't hele; hwent binne se bûten doar dêr mei beuzich en krûpt de sinneSinne, zonne. yn 't nêst, den falt hjar, as se röppen wirde, it yn 'e hûs kommen swier, en sjugge se faek nei hjar boärtersplakBoärtersplak, speelplaats. om. Onthâld dat efkes! Yn mannich pandiggel stiet: Het einde is de dood op aarde. Wol wier! Licht as immen yn ús doärp in panne brekt mei dy spreuke, en smyt de diggels bûten doar, licht, sei 'k, nimt den in jonge dy op to platsje saeijenPlatsje saeijen, een platten steen voortzwaaien of werpen.; licht, faek, smyt er nei ús tsjerke en tôer; licht, einlings, komt dy diggel bûten fölle oare grêvenGrêven, graven. to lânne op de blauwe stienBlauwe stien, grafzerk. fen immen, dy foär in pear jier hjir myn foärlêzing oanheärde, en sels letter my frjeunlik frege: ‘Ho is 't, krije wy ek hwet Frysk fen jo?’ - Dy frjeun is ús ontfallen en kin syn plak op ús gearkomsten net wer ynnimme. - Fen de boärtsjende bern onthâlde! sei 'k niis. Ik woe, nei it wisse fen ús pannespreuk oanwiisd to habben, wol hast warskouwje, dat wy as greate minsken dêryn net berneftichBerneftich, kinderachtig. wirde, dat wy net mei it boärtersgûd fen disse wrâld: jild, moaije huzen, klean of húsrie, kinde, soundheid, jonkheid, en al hwet moäis de wrâld mar habbe mei, ús tiid sa böt forboärtsje, dat ús libbenssinne yn 't nêst krûpt eär 't wy er om thinke, en ús Himelheit, as hy ús thús röpt, ús net forwyldere fynt, mar wy klear binne om mei to gean en willich to skieden fen de hele wrâld. De Heer regeert stiet yn mannich pandiggel. Ja, God regeert, geen stervelingen kunnen Hem 't bestuur ontwringen. Wy meije er ús den wol nei skikke. It mei för in fleurich selskip as dit licht fiis wêze, mar sei 'k niis dat alles pún en diggels waerd; nou woe 'k dôch yet wol ris fen fieren freegje: as ús minskelik lichem mear is as hwet diggels yn in houten bak, namelik den as wy in toärnToärn, poos, tijdlang. yn 't grêf lein habhe, en er in oare slieper yn ús selde deabêd brocht wirdt. Yn 't grêf....net mear, frjeunen! Sjuch nou mar wer yn 't ljeave libben, dat wy allegeärre yet smeitse meije! Smeitse 't yet lang! Brek net folle pannen as jimme earm binne; de riken al to mets, mar nimmen mat folle pröttelje. De iene syn skea is ommers de oare syn brea! Ik wol slute mei riejaenRiejaen, raadgeven., om it diggelmeitsen foar to kommen. For earst: set net in steapel pannen op in smel bôerd, dat de hounen bynei komme kinne. To twaden: elk hwa krûk- en kandrager wirdt, mat er om thinke om net to rêsten mei de stôk op in lösse groun. Thrije: lit de slachter witte hwet er for 't flesk ha mat, of röp him yn 'e hûs. Fjouwer: bistrui de efterdoarsdrompel mei sân, as jimme wetterdrage. Fiif: leegje earst de skûtel-waskerspôt, en sjuch den yn 't waer. Seis: saei de brekkende waer, mei de rûzigeRûzige, onbesuisde. of hjitte hölle net ôer 't hús. Saun: Draech jimme skylfisk net yn pannen by tsjuster. Fiel earst hwêr de doar is. Acht: slaen nea mei de learen lape yn âld porslein. - Binne 't lykwols, tsjin al dy lessen oan, dôch diggels wirden hwet jimme heel hâlde woene, meitse den om in ongelök fen ien stoater net for fiif stûren forthriet, mar lês den, ek út hele pannen, de spreuken en bilibje dy! Ik, Achte Heärders! hab wakker mei diggels smiten; lykwols net om jimme sear to dwaen. Ik scil se nou allegeärre mar wer yn 'e bûse thriuwe, en ik leau, dat it my nea rouwe scil, dat ik hjir joun it wird fierd hab.
En nou winskje ik thige, dat it myn lêzers net rouwe mei, dat se 't lêzen habbe. Sit er gôeds yn, wolnou, sûch dat er út! Kwea stiket er, leau 'k, alheel net yn; to minsten winsket de skriuwer jimme oars net ta as hwet jimme bliuwend foardeel jout.
A. Boonemmer.
Cookies on Poetry Cove