Skip to content
1882

Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland

L. Leopold

XV.

Plurimoe leges, pessimoe respublicae (Tacitus). dat is: Tink, dat de wolfeart der meast quynt, Wer 't men de measte wetten fynt. De wetten binne dochs fortkomd uut it quea sin in quea-dwaan fenne minsken; hjirfor binne jae in daam in bolwurk. Wierne ommers de minsken sa, as jae heardene te wezzen, dan hie men mei nin wetten te dwaan. De goede in rjuechtfurdige is him sels ta in wet. Hoe meer quea ir sa ynne maatschippije opkomt, hoe meer wetten hjir tsjin makke wurde. In dan komme hjir noch de forkeerde wetten bij dit quea, wer troch dat dit mar al te faak net in bytsje oonbozet. Wetten wurde dochs ek fen minsken makke, in minsken sjogge lang altiten net goed, of wolle altiten net goed sjean. Sa makket de sikens in suchtigens it medicynneerjen nodich in forkeerde middels meitse de quaal jitte slimmer, in dit giet sa lang sa fort, as de natuur har sels ret, of de dead ir in ein oon makket. Sa giet it ek krekt mei it quea inne ondogenens, dat de siekte fenne maatschippij is.

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.