Skip to content
1882

Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland

L. Leopold

X. As uus druften in tochten uus forstân de blynkape foordoggeDe blynkape foordogge, oogkleppen voerdoen (bij paarden)., dan hâdt it sjean op, in wij rinne as it tsjernhynderTsjernhynder, paard van den karnmolen. al it selde tsjernpaad yn it roon, sonder ien stap foruut te kommen. It binne jamk, ja beneiBenei, bijna. altyd, uus tochten, dij 't uus for de wierheid blyn, of steksjoegerichSteksjoegerich (Gron. stikzeinde), bijziende en kortzichtig., meitse, in der 't de grutste striderasjeStriderasje van stride, getwist. in kibberij oer de wierheit oender de minsken altyd uut fortkomd binne. In dij wize man het wol gelyk, dij 't ris sei: ‘dat de minsken allike goed in better oer de eerste in kleerste stikken uutte wiskunst in s.f. striden habbe soene as oer de tsjuesterste dingen, as dij mar sa nauw mei har druften forboon in mingd west hiene, as har druften mei dij dingen, dij 't it hart in it libben neier oongonge.’ OonstrydOonstriid, aanvechting. om gelyk te habben, greut te wurden in in bulte jild te winnen, het altiten fier wei de grutste part yn al it striden oer wierheit in rjuecht hân in het dat jitte.

Cookies on Poetry Cove

We use cookies to remember your language preference and — only with your consent — to learn how Poetry Cove is used. You can change your mind any time.