II. Jawol, taeije gesichten! Jamk kin it rotteljen fen in thépantsje it oangenaemste petearPetear, gesprek. yn hirde wirden en stoefe troänjes foroarje. Flökke, tsiere, kibje, skrieme, stúnje, sjea dêr, hwet er faken op fölget. Boaden út de tsjinst; dat en folle mear yet, om de weardije fen in stoaterStoater, 12½ cent. faek. Lykwol rint ik ek wol better ôf. ‘'t Is gôed dat it potskip of de panwinkel net fier ôf is,’ heärde 'k wol ris sizzen, of: ‘Dat is gôed for de glêsmakker.’ - En sök sizzen, hofolle kin 't net bybringe ta 't libbenslök? dêr de geringste dingen yn 't húslike libben faek de measte wille oanbringe. - ‘Hui la! bist dêr Japik?’ röpt Metten foär de doar. ‘Heärst my net tsjin de doar oan skoppen?’
- ‘Né, ik wier oan 't lêzen,’ seit Japik, wylst er Metten der yn lit. Metten. Nou ja, òer pandiggels! Der stean wol tweintich minsken foär de doar to harkjen. De gefölgen bist oan ta; nou scil ik dy dêr ta helpe. Japik. Och, Metten, kom moarn joun wer! Metten. Gôed! Mar ik wol dy earst hwet sizze. Ik bin, leau 'k, throch ongelök yn 'e wrâld rekke; brike settenBrike setten, ongelukkige (lett. scheeve, schuinsche) zetten. sonder ein! - Dou witste, dat hjir to Stoppelgea bynei nin skylfisk kaem, foär dat de feart slatten en de strjitwei nei Leauwerd klear wier. Us heit bongeleBongele, praatte, zeurde. jimmer fen sûr stip en skylfiskkoppen. Dêr kom ik ris by de hear Liifrêst, dy ôer fisk praette. - ‘Skelfis,’ sei de man, ‘lust je fader graech, hé Marten!’ - ‘Ja, mynhear,’ sei 'k. - ‘Jou ook, Marten?’ - ‘Nou, ik kin dy skepsels net,’ siz ik, ‘ik ha ljeäver grôttenbrijGrôttenbrij, grutten brij..’ - ‘Welsoo! Nou, kom dan om in present fan my foor je fader.’ - ‘Bêst, mynhear,’ siz ik, ‘ik scil moarn mei de morgenstond komme.’ - Dêr nim ik yn 'e skimerjoun ús brijkomBrijkom; de groote schotels zijn dikwijls met randschriften, spreuken of versjes voorzien., en röp by mynhear: ‘Is er hwaHwa, (wie) iemand.?’ - ‘Ja,’ sei de feint, ‘komm'je nou eerst, in de avondstond? Menheer had je met de morgenstond al ferwacht.’ - ‘Nou ja, dêr kom ik ek mei,’ siz ik. ‘Ik hab De morgenstond Heeft goud in den mond onder de earm, en De avondstond Daalt neer in 't rond is niis fen 't souderbòerd gliden mei grouwe eärten. - ‘Nou, hier heb je in dikke
skelfis,’ sei de feint, ‘et komplement an je fader; die houdt fan grappen.’ - Nou talme de feint sa lang mei my om, dat it tsjuster waerd as pik. ‘Je mutte 't deksel der op houe,’ sei er, ‘hy mocht er út springe!’ - Mynhear wenne mar in hûs thrije fjouwer fen ús ôf; onder 't nei hûs gean tilde ik it deksel efkes op, en fielde ris hwet ding as 't wier; ik thochte, 't scil gjin flieFlie, vloo. wêze. ‘Och heden!’ sei ik yn my sels, ‘hwet binne dat rûge skepsels! Hwet ha dy bisten lange skerpe neils op 'e teännen!’ - Ik koe 't my net bigripe dat er libbe, hwent hy forrepte him net. Wylst ik sa oan ús foärdoar taroan, en de doar opfiere woe, dy folle yn 't kier stie, seach ik net dat er do op stie, - en dêr foel ik! - net for de earste kear! - ‘Mem!’ rôp ik, ‘kom mei ljocht! ik hab in skylfisk, oars ontkomt er my! Ik bin fallen; ik ha my biseard oan 'e mûle.’ - Dêr kamen ús heit en ús mem en ús houn alle thrije oansetten. En hwet ding mienste, dat ik fêst hâlde? - In deade kat, myn jonge! - ‘Nou, dy grap is my bötter nôchBötter nôch, erg genoeg.,’ sei ús heit. - ‘Dy skoane brijkom stikken!’ sei ús mem. - ‘En de bek opskûrd en alheel blôed!’ sei ik. Ja man, dat wier fen dy gefölgen - dêr wierst oan ta, net Japik? - ik moäst nei ús âlde dokterom. Hy bithomkeBithomke, betastte met den duim. myn mûlwirk. ‘Pas op!’ siz ik, ‘skûr him net fiërder op!’ - ‘Hoe is dat komen?’ frege dokter. - ‘Niis,’ sei 'k, ‘mei de morgenstond bin 'k fallen.’ - ‘'t Is nou ommers al avend, jongetje! Waarom niet aanstons te kommen? - 't Siet er freemd út!’ - ‘Hea, dokter! ik bin hjir dalik út in fjouweren hinne draefd. Jy matte bigripe, de morgenstond dat is in brijkom!’ - ‘Laat je hoofd es sien!’ sei dokter; ‘je spreke so wonderlik, heb je de harsens ok beseerd?’ - ‘Ei kom, dokter! mealt jo sels de plassePlasse, segment van een bol; dingen die daarop gelijken; hoofdschedel, híer voor hoofd.?’ - ‘Ja, kyk!’ sei dokter, en do draeide er syn âlde prûk yn 't roun. - SaunSaun, zeven. wike ha 'k in plaster op 'e waffelWaffel, (wafel) mond. hawn, eär't it better wier. Dat wieren de gefölgen! - - Mar astou dyn foarlêzing oanfetteste, Japik, den mast wol sizze fen ‘Heärders!’ mar net fen ‘Heärderessen.’ Ik frege niis by baes smid: ‘Ha jy ek efkes in heak for my to lien? de loskeatLoskeat, ijzeren haak aan den disselboom van een boerenwagen. is stikken.’ - ‘Jawol,’ sei baes. ‘Jaen mar ien fen dy essen!’ sei er tsjin de feint; ‘dat binne goede heaken.’ - Seistou nou fen Heärderessen, Japik! den koene de froulju miene, dat elk fen hjar in àld heak wier. - Nou, gôeden joun! Japik. Joun, Metten! Hwet hest it wer màlHwet hest it wer mâl, wat sla je weer door.!
Cookies on Poetry Cove