V.
As lipkes oan lipkes hjar pearje, as foriene,
Nin himel kin 't lök, dat dêryn leit, ús liene.
En as, yn dy fieling, ús eagen 'noär mjitte,
Nin sinne kin 't ljacht, dat se oanskôgje, er yn scjitte.
En as w' yn dat ljacht, hwet wy fiele den lêze,
Nin naet as de ljeafde, dy heechste, kin 't wêze.
H. Fennema.