III. De oare moärns om saun en achten wier de hele bûrren al yn rep en rôer. Manljue, frouljue en bern roännen en draefden hinne en wer, en sjouden allerhande húsrie fen 't iene hûs yn 't oare. Hjir stie in haiweinHaiwein, hooiwagen. foär de doar, dêr lei in preamPream, praam. foär 't stalt, dy fol tòge waerd. Ljue mei kroaden, draechbêrje of berneweinenBerneweinen, kinderwagen., biladen mei turf en hout, potten en pannen of allerhande rommelerijen út it jiërfek, - fiteren mei thûzen haesten elkoar foärby en efternei. Hjir roän in man mei in bêd op 'e nekke, dêr in wiif mei in widzeWidze, wieg. foär 't liif; hjir in jonge mei in stôel op 'e hölle, dêr in fanke mei in ein matte om 'e skouders. Griet Lears, in rjuchte manshelt, dy er altiid op út wier om 't bryk to krijen, sjoude mei in tobbe omkeard op 'e hölle, onder de iene earm in spinwiele, oan de oare in earmkôer mei thégûd en yn de iene hân in àld stippantsje mei skoënsmarsel. Dêr kaem Oeds Flipper oan dribbeljen mei in kakstôel op 't skouder; rimpen en haestich, lyk as dy man altiid wier, seach er net nôch om him hinne, en pompte sadwaende mei 't iene tsjil fen de kakstôel tsjin Griet hjar tobbe oan. Griet, dêr net op forfhocht, waerd mei hjar greate böppelêstBoppelêst, bovenlast. oerwichtich en rôlle oer 't ein, mei 't lichem op 't skoënsmarselpantsje; de kôer mei köpkes en pantsjes it onderst boppe en de spinwiele briek in poat. Dat dêr in onwaer opkaem kin elk licht bigripe. Sape théman en syn wiif fordrôegen in kleankiste, dêr fôel sa mar stiltsjes wei de boäijem onder wei; der kaem in wynpûst, dy struide hjar sneinsce klean en Sape syn âlde patinten hwet út enoär, en liet it wiifs nije kypsKyps, vrouwenhoed. de bûrren ôer dûnsje. Hessel timmerman en Jelle hinnebôer rekken deilis om de keldersboërden en de spyskeamersplanken; de iene woe se meinimme en de oare sei, hja heärden by 't hûs en moästen dus lizzen bliuwe. En den setten de greate jonges oan dat alles fleur by mei gûlenGûlen, huilen, schreeuwen. en razen. Mar Wigle Kwanseler en hjarWigle Kwanseler en hjar, Wigle Kwanseler en zijn gezin. thochten om gjin forfarren; hja makken tarissing ta de reis nei stêd. De bêste klean waerden klear socht en de skoën waerden smard; Hoätske binaeide in stik pompier yn Eabe syn hôed, omdat dy him oars hwet to wiid wier, en gnisteGniste - op, streek glad. 'm do ek yet hwet op mei théwetter, om 't er al hwet feal bigoun to wirden. ‘Nou klaeije wy ús mar oan,’ sei Wigle, ‘den geane wy mei enoär ta de doar út, en den gean ik mar gau efkes by Melle oan en bring him dy pompiërkes. Ik kin nou dôch yet net rêdden wirde, om 't hy komt foar acht en njuggenen meast net fen 't bêd.’ ‘Jy matte foaral oppasse,’ sei Eabe, ‘dat jy dalik in gôed biwiis fen him krije; oars koe 't yet mâlder bôel wirde.’ ‘Jawis!’ sei Wigle, ‘bitrou my dat mar ta. Hy scil wol nuver op sjeän, dat ik dêr nou yet krekt eärder nôch oan kom; hwent witste Eabe, hwet de oast is? Hy mient dat wy gjin jild ha, dêr giët er op to foaren.’ Onderwiles ieten en dronken se hwet en klaeiden hjar oan. ‘Nou is 't njuggen ûre,’ sei Wigle, ‘nou is 't ús tiid ek om foärt to gean; âlve ûre matte wy der wêze, in grouGron, (grof) dik. ûre ha wy rinnen, den kinne wy yn de stêd earst yet in bytsje bikomme.’ Do waerden de doärren en finsters sletten. Wigle gyng nei Melles en de jonge ljue stapten der op ôf. Hja scoene swietsjes foärt kuijere, den koe Wigle hjar wol ynhelje. Melle en Gelbrich sieten by de thétafel, do Wigle dêr yn kaem. ‘Goê moarn!’ sei er. ‘Moarn!’ sei Melle, mar sa lûd, dat it just to heärren wier, en Gelbrich sei nin byt. ‘Ik scoe jo de húshier bringe,’ sei Wigle. ‘Ei!’ sei Melle; mar hy bleau allyk sitten en liet Wigle stean. ‘Wolle jy mar in briëfke skriuwe? Ik bin hwet haestich,’ sei Wigle wer. Wiles helle er syn geartearde pûde út de bûse. Do gyng Melle oerlangsum oer-ein en nei de secretaire. ‘Ha jy 't allegeärre?’ frege er. ‘Ja,’ sei Wigle, ‘'k ha fjouwer muntbriëfkes, elkmes fen tsien goune.’ Dêrop skreau Melle in letterke, dat er fjirtich goune húshier fen Wigle bard hie, en sette syn namme dêr onder. Hy hie oars ljeäver hawn, dat Wigle do net komd wier, hwent hy bigriep wol, nou hied er frij hwet minder rjucht om Wigle út de went to krijen. Mar hy thochte by him sels: ik scil dôch yet sjeän, hwet ik kin. Hy gyng nei Wigle ta mei 't pompierke yn 'e hân en sei: ‘Nou lit ris sjeän, dy muntbiljetten!’ Wigle jôech him de pûde ôer; mar ek, eär 't Melle der op forthocht wier, naem er dy it briëfke út de hân en sei:
‘Nou, ik wol graech foärt; ik siz jimme goê moarn!’ En hy woe de keamer út gean. ‘Dy dîvels kearel!’ rôp Melle, do hy yn de pûde seach, en hy waerd pûr. Hy sette Wigle yn de gong nei, dy hie 't briëfke yet yn 'e hân, Melle pakte him by de earm en ontskûrde him dat ding wer. ‘Hwa scoestou hjir biskite?’ Wigle wist net hwet him ôerkaem; mar yn ienen, as throch in natuerlike oandrang stjûrd, grypte er wer nei 't briëfke; hy kaem lykwols to let, Melle hie 't al toskûrd. ‘O, dou greate skurk!’ rôp er út, hwent hy thochte net oars, as Melle scoe 't barren fen de hier ontkenne wolle, om him mar út de went to krijen. ‘In greate skurk bistou!’ bromde Melle; ‘dou thriuwst my hjir in lege pûde yn de hân!’ ‘In lege pûde?!’ ‘Ja, in lege pûde! Mar astou sokke stikken útfiere wo'ste, den maste gauwer wêze!’ ‘Dy pûde dêr sitte fjouwer muntbriëfkes yn.’ ‘Krij dou dy der den ris út!’ gûlde Melle, en hy threau Wigle de iepene pûde onder de noas. ‘Sa scoest my de kwitansje ôfsette, dou loebis!’ Wigle wier forbûkeForbûke, verslagen, ontsteld.; hwent it âld wiif bigoun al sa út de koker to spyljen; it skriemen stie him neijer as 't laeitsen. ‘Den ha 'k fêst in forkearde pûde krige,’ sei er. ‘Dy oare scil den yet wol yn 't tafelslaed lizze.’ ‘Nou, aste nou mei de klokslach fen âlven dyn rêddingRêdding, rommel. net ta de doar út heste, den lit ik it er fen de doärprjuchter út sette,’ sei Melle. ‘En ast' de hier net skikste,’ fôege Gelbrich er by, ‘den litte wy dyn bôel biskriuwe en forkeapje.’ Yn de stille hope, dat er de rjuchte pûde yet fine scoe, gyng Wigle wer nei syn went. Hy lôek it tafelslaed iepen, mar mis wier 't! Hy foun dêr wol in rêst lappen en leuren fen Hoätskes, dy er al throch ende wer throch eideEide, (egde), doorsnuffelde, overal haalde.; mar gjin pûde mei muntbiljetten. Hy bigoun to skriemen. ‘En ik wit dôch klear, dat ik se dêr delleinDellein, lett. neergelegen, neergelegd. ha!’ sei er, wylst er mei de finger yn 't laed pompte. ‘As Hoätske se op in oar plak lein hie, scoe se 't wol sein ha; wy habbe er fen 'e moarn yet ôer praet.’ Hy socht yn 't kaminet, efter de spegel, op 'e skoärstiënmantel; mar allegeärre forgees. Den waerd er wer grimmitichGrimmitich, gramstorig, wrevelig. en skûrde alles it onderst böppe en fen 't plak; dat net bûge woe moäst barste; mar 't wier allegeärre allike folle. Mismôedich fôel er op in stôel del en skriemde as in bern. Melle, dy net oars thochte, as Wigle hie mei in ondogensce streek him in kwitansje onttroggelje wollen, wier thige nidich en waerd fen syn wiif yet oanfjûrre. Wigle moäst op 't alderstrangst bihandele wirde. Earst, hie Melle bigrepen, moäst de bôel ta de doärren út, en den biskreaun wirde; hwent lieten se 't er yn bliuwe en Wigle skikte de hier yette ris, den siet er ek wer for in jier fêst. Hy gyng nei de doärprjuchter en jôech dy oärders, hwet er dwaen moäst; do naem er de stap nei stêd om in doarwaerder to heljen. Do âlve ûre de klok kâld wier, kaem de doärprjuchter (yn grand tenu) mei twa arbeidersmannen by Wigle yn de keamer stappen. De gôede man wier al wer oan 't siikjen gien om de forlerne pûde; mar 't wier om 'e nöcht. ‘Wigle!’ sei de doärprjuchter parmantich, ‘binne jy ek fen sins om yn ienen jou spillen út dit hûs to romjen?’ ‘Och!’ kjirme Wigle, ‘ik bin skjin forlegen. Döch mar hwet jimme wolle.’ ‘Nou mannen! pak den mar oan,’ sei de doärprjuchter tsjin de arbeiders. ‘Bring de bôel mar foar op 'e strjitte.’ Dêrop bigounen dy twa mannen tafels, stoëllen en al hwet mar spikerlös wier, bûten doar to dragen. Dat hàlde yet al hwet foar. It húsrie wier der ridlik gau út, mar al dat âld reau dêr Wigle yn handele, en dat min yn alle hoeken en harnen oantröf, dêr wier frij hwet drökte mei. Der kamen by koërfollen fen de souder, dat waerd dêr allegeärre mar op in heap bûten doar del bruid, mar bûten 't jinge de joad de foarige jouns útsocht hie, wier der net folle fen wearde by. Wigle liet alles mar rûze en waeije; hy roän fen 't iene plak op 't oar, den wer bûten doar en den wer yn 'e hûs, en den die er oars neat as jammerjen. ‘Dy skoander fjirtich goune! - Ik bin om 'e hals! - Hwêr scil ik in hinnekommen fine?’ Dêr roännen in rêst minsken om hinne; de iene lake om Wigle, de oare makke Melle thige út. ‘Ik think, Wigle,’ sei er ien, ‘dat de nachtmêrje jou fjirtich goune meinomd het.’ Dèrop bigoun de hele kliber to laeitsen en to skatterjen. Dêr kaem Levie de joad throch 't fòlk hinne kringen; en òch, hwet sette dy in pear gleaune eagen op! Al dat gûd dêr op 'e strjitte; dêr stapte de doärprjuchter by om en dêr roän Wigle òf en oan, en tjirreTjirre, stelde zich aan, gedroeg zich. him as in gek minske. Dat wier for Levie, op 't earste sjeän, onbigripelik. ‘Nah, Whigle, hoe ghaat et nou?’ sei er. ‘Och heden, Levie! binne jy dêr? Myn ljeave man! hwet stjit it nou slim. De fjirtich goune is wei, en hwêr 't bidarreBidarre, heengekomen, gebleven. is, ik wit it net! - En nou mat ik de went forlitte. Ik hie in forkearde pûde krige, en do miende Melle dat ik him bidrage woe. Mar dy rjuchte pûde! hwêr dy sitte mei! dat kin 'k my mar suver net bigripe.’ ‘Nah, dat ghaat mijn niemendal an. Segh maer es, Whigle, waer is men ghoed?’ ‘Jou gûd, man? Jou gûd? - Jy kinne sjeän ho 't hjir leit; siikje jou gading er mar út; it kin my neat mear skele ho 't giet.’ De joad sei neat mear, mar sködde syn reissek leech, dêr in mannich alde baelsekken út kamen. Do bigoun er yn 't âld gûd om to skûrren, om syn sekken dêr mei to follen. Dêr kaem de doärprjuchter oan setten. ‘Frjeun! wolle jy, as 't jo biljeaft, dat gûd mar lizze litte!’ ‘What! Ik heb foor feertich ghulde ghoed fen Whigle gekocht!’ ‘It is Wigle syn gûd net mear; de húsheärre nimt it yn bislach for de onbitelle húshier.’ ‘Maar wat ik ghekocht heb, dat is mijn eighedom, dhaar heeft de hijsheer gheen recht op.’ ‘Kom! kom! gjin praetsjes mear. Dêr wei, siz ik dy!’ Mei dy wirden onderhelle de doärprjuchter de stôk en Levie moäst wykje. Do bigoun er earst to bearen. ‘Ben ik dan men arme feertich ghulde kwijt?! - Nah, waarom heb ik et gelt ook fooruit gheghefe? Whigle, jy bent er ferantwoordelik foor, man! jy mot make dat ik men ghelt weerom krijch. En anders sal ik je sette late.’ ‘Doch mar hwet jy net litte kinne,’ sei Wigle, ‘'t mat dôch allegeärre op 't mâlst mei my, sa 't liket. It jild werom jaen, dat kin ik net; ik kin 't net út de stiënnen skûrre. De muntbriëfkes binne wei, en myn gûd dêr bin 'k gjin master fen.’ ‘En mooye behandeling! en dat teghen 'en man die je met sen ghoeje ghelt uit de brant gheholpe het! Ik sel je sette late, hoor! so lang als je famielje foor je betaalt. Wat sech ik, je famielje! je sjofele famielje! dhaer is ommers ook niks fan te hale. Ik ghaan liefer na de ghrietman, en sien eens, als er ook noch recht is in de wherelt, om men ghoed te krijghe, dat ik eerlik ghekocht en betaalt heb. Want ik gheloof, dat de neete slimmer sijn als de lijze.’ ‘Dat hôeve jy net to dwaen,’ waerd him taröppen, ‘de grytman is hjûd yn de stèd om Eabe en Hoätske to trouwen.’ Dèr waerd wer thige om lake, mar de joad sei: ‘Dat raakt me niet; as hy niet thijs is, soek ik hem in de stad.’ Hy sette mei syn stikelige hölle de bûrren út nei de grytman syn slot, en grommele 't hele paed lâns yn him sels. De grytman syn slot stie in great ketier geans bûten 't doärp; om dêr to kommen moäst er in oar paed lâns as nei stêd, dêrtroch mette er Eabe en Hoätske net, dy koärt dêrop, hymjende en swittende en omtrint onder de moude biside de bûrren ynsetten kamen, en ek net in bytsje forheard seagen, dat it er by hjarres sa om wei gyng. ‘Hwêr bliuwt heit?’ sei Hoätske, do se Wigle seach, en hja wier sa lilkLilk, (leelijk) boos.! ‘Wy sieten dêr al ien lang en twa breed yn de herberge to wachtsjen, en op 't lêst koene wy werom poatsje. Wy koene net troud wirde, omdat heit er net by wier.’ ‘Och fanke, wês net lilk!’ sei Wigle, ‘de fjouwer muntbriëfkes binne wei; witstou ek hwêr se binne?’ ‘Ho scoe ik dat witte? Heit het se sels birgen.’
‘In bitsje rúmte, mannen!’ waerd er röppen, en dêr kamen in pear stêdljue thröch 't fölk arbeidsjen. Dat wier in doarwaerder mei in klerk. ‘Binn' jy Wigle Bokkes?’ ‘Ja, mynhear!’ ‘Ik bin de deurwaerder Hanepoot en kom op order van Melle Jasperda om jou inboedel op te skriven en binnen kort te verkoopen, as je geen húshuur skikke.’ ‘Sjugge jimme!’ sei Wigle tsjin syn bern, ‘sa giet it nou mei ús.’ Eabe skroar bigoun al op to spinnen tsjin dy doarwaerder, mar de doärprjuchter sei: ‘Gau stil! en oars scil ik ris sjeän, hwet ik mei dy to dwaen hab.’ ‘Hwêr scille wy nou bidarje,’ sei Hoätske. ‘Ja, dat ken 'k ek wol freegje,’ sei Wigle. ‘Ik bin myn rie to 'n ein.’ ‘Mar ik yet net,’ sei Eabe. ‘Elk ken mar net dwaen hwet er wol. De went is jo net opsein, ik flean nei de grytman.’ En dy ek mei 't steande seil op de grytman ta; dy wier al thús, dat wist Eabe wol. De grytman wier in man, dy elk wol to reden stean woe; do Eabe dêr kaem, wier mynhear yet mei de joad to set, mar út Levie syn getsjaffel koed er net rjucht wiis wirde. Eabe forhelle him nou ho 't allegeärre siet en do sei mynhear: ‘Kom, dêr mei 'k sels wol ris nei sjeän.’ Hy gyng mei Eabe en Levie nei bûrren. Do se dêr oankamen wier Wigle wer alheel út de skrôeven. ‘Eabe jonge!’ rôp er, ‘jouw gau dyn hôed ris op! Der is Hoätske hwet yn 't sin kommen: hja het fen 'e moarn in geartearde pûde út it laed krige en yn dyn hôed binaeid; dou hest grif de fjirtich goune yn de hôed!’ Wylst er dat sei, pakte er Eabe syn hôed fen de hölle en helle 't mês út de búse. ‘Nou, hou ris hwet!’ sei Eabe; ‘snij myn nije hôed alheel net to skande!’ ‘Och, hwet is dat om sa 'n fiifköp?!’ En dat wier mar yn ienen, ritsdy! it fôer der út, en jawol man! dêr kaem de pûde al foär 't ljocht mei de fjouwer muntbriëfkes der yet yn. Wigle tjirge him as in gek, fen blydskip. De grytman lake, dat er sködde. Do er gôed mei alle saken bikend wier, gyng er nei Melle ta en rette dy om hwet yn to skikken. In minske sa mar op 'e dyk to setten, sonder to witten hwêr er hinne scoe, dat wier hwet to slim. Nou, de rie fen de grytman hie gâns ynflôed op Melle; it kaem sa fier dat hy sei, as Wigle de hier fen 't forroane jier bitelle, den moäst er ljeäver mar wer yn de went bliuwe. De doärprjuchter krige yet in fôege biskrobbing, omdat er earst net ris by mynhear komd wier, yn pleats fen mar op eigen mannebôet foärt to farren. Do gyng de grytman wer nei syn slot. Do wier 't allegeärre gau wer to rjuchte. Melle krige de fjouwer muntbriëfkes en Levie krige 't gûd dat er kocht hie. It slimste dat er fen kaem, wier, dat de jonge ljue yet in wike wachtsje moästen mei trouwen; dat wier wol in hird gelach, mar dôch sa slim net of 't koe yet wol gâns slimmer. Melle koe de doarwaerder en de doärprjuchter leänje en de twa arbeiders in gôed deihier jaen. En hy hâlde nei dy tiid altiid de namme fen Melle Nachtmêrje; dat hie hy er fen. Waling Dykstra.
Cookies on Poetry Cove