II.
Under de noärdfryske hall'gen, Throch de wylde sé biroun, Waerd yn langforfleine tîden Iens ek de OaslichhallichOselichhallich oars; hjir om de fêrsmiëtte bikoärte. foun, Ien ten de alderlytsten wier it, Yet nin tsien pounmiëttePounmiëtte, pondemaat, Friesche landmaat, groot 36¾ are. great, En hy laei in ein yn sé op, En dêr groeide bynei neat. Beämte wier der net to finen, Noat en griënte like min, 't Gêrs, dat op 'e pôlle groeide, Wier yet meager, skriel en thin. 't Wetter, dat oan de iggen spielde, Wier in moddersleat allyk; Hwent de weagen dölle en walje Uren fier yn 't blauwe slyk. By 't ontweitsjen fen it foärjier, Do it ljacht de nacht oerwoun, Seach natûr it wirk des winters En hie ek ús hallich foun. En bigien mei de earme pôlle, Dy dêr laei yn slykrich skom, Die hja ring hjar keale ekers Pronkjen mei in wetterblom. Disse wetterblom wier Ose, Nou in faem fen achttsiën jier, Ja, hja wier in pronk der hallich, En hjar röp gyng ûren fier. As it flotgêrsFlotgêrs vlotgras, oevergras. oan 'e sleätten, Wier hja slank fen liif en lea, En hjar fyn en yngöl wêzenWêzen, gelaat. Bliërke as 't frjeunlik moärntiids rea. As de blauwe loft dêr boppe Wieren de eagen, blau en klear, En it sêfte hier fôel derten Op hjar blanke skouders gear, Iepne hja hjar reade lippen, Ta in golle laeits stees ré, Den ontdiek me in rygle tosken, Skien en wyt as 't skom der sé. En dy skiene blom der hallich Wier sa eptichEptich, net. as in ein;
Rêd en heistrichHeistrich, bewegelijk. as it wetter, As in wylde swan sa keinKein, fier.. - Stil en iënlik wier hjar libben, Hwent de hallich wier hjar wrâld, En hja wenne er mar allinne, Mei hjar mem, en dy waerd âld. De earme went stoe op in hichte Throch nin deiske flôed biroun; Op 'e pôlle roun in skiëpke, Dat in meager miel mar foun. Alle dagen, as it wetter Fen 'e lege hallich roun, Wadden hja mei net en koërrenKoërren, korven. Throch de geulen oan it strân. En de fisken, oars sa rimpen, En de séhoun, oars sa swier, Hwa de sé to tel ontroun wier, Hellen hja út slyk en wier. En de skipper fen de wadden, Dy dêr kaem sa mannich dei, Brocht hjar hwet hja nedich wieren, En hjar fangst naem hy den mei.
Sa libbe Ose sont hjar berteBerte, geboorte., Mei hjar mem op 't iënlik sté, Fen de wrâld alhiel forlitten, Noëdlik throch de wylde sé. Dôch hie hja hjar hallich rommeRomme, geroemd., As it bêste plakjen groun, En ont nou yn memme ljeafde Alles hwet hja winske foun. Mar nou telt hja achttsiën jiërren, Hj' is oan d'ein fen 's libbens moarn, En nou docht sa mannich boatsje Faek de lytse hallich oan. 't Is net om de fisk to heljen, Dat dêr mannich hinne sylt, Mar, as 't koe, de blom to ploaitsjen, Dy dêr groeide en bloeide yn 't wyld. En de frijers, dy der kamen, Faek fen ûren fier yn 't roun, Seijen, dat me nearne moäijer, Tsjepper fanke, as hja wier, foun.
En hja brochten hjar sa folle, Hwet hjar noäske en haegje koe, En hja fregen hjar sa frjeunlik, As hja mei hjar farre woe; En hja kâlten swiete wirdtsjes, Sprieken hjar fen 't fêste Iân; En hja ljuentenLjuenten, smeekten, vleiden smsekend. om hjar herte, En hja bidden om hjar hân, En it famke harke thige Nei dy wirdtsjes, ljeaf en swiet, Heger kleuren hjar de wangen, As in frijer by hjar siet! En dy skiene blom der hallich, Nou net mear 'n ienfâldich bern, Speegle faken hjar yn 't wetter, Om hjar egen byld to sjeän. En hja pronke mei hjar doekje En hjar linten dei oan dei, En hja wist nou, dat it wier wier, Hwet me fen hjar moäijens sei. En hja dreamde oer freämde lânnen En oer huzen, rom en great, En oer nju en libbenswille, Moaije klean en hege steat. Mar net ien fen al hjar frijers Woe hja hân en herte jaen; Hwent hja koeden oan hjar winsken En hjar dreamen net foldwaen; Doch hie mannich feint by Ose Al in blauwe skine roun, Faken waerd er yet in boatsje Oan de lytse hallich foun.
Sa wier 't yn it foärjier, Dat wer op in dei Oan de Oselichhallich In fartúchje lei. Hwent Ouwe fen Rothflint Hie sont it bigjin Des foarige winters By Ose de rinHie de rin, (had den loop) kwam vaak bij.. Hy wenne op 'e Gröde, Mar hie sels in skip, Dêr mei foer er simmers Oer 't skomjende djip. Great tweintich jier wier er, Do 'r Ose bilies. KantKant, welgemaakt. wier er fen leden, Fen ynboärst in fries. Oan Ouwe woe 't famke It jawird wol jaen; Hy dochs koe hjar dreamen En winsken foldwaen.
De brilloft scoe wêze Mei 'n moänne ef seis, Earst woed er nei Höllân En Inglân op reis. Nou wier er by Ose Ta 'n ôfskiedspetearPetear, praatje, gesprek.; En beide, hja fielden 't, Wier 't herte hjar near. - ‘Sa 'n ôfskied,’ sei Ouwe, ‘Al is 't net for lang, Forset yen oars famke;’ 'n Hy patte hjar wang. ‘Mar,’ treaste er him selme En Ose mei ien, ‘Myn reis yn 'e simmer Is ringen faek dien. Sa tel as ik oer bin, Is 't skipke wer dêr; Den scille wy boaskje En skiede net wer.’ - ‘'t Is wier,’ andere Ose, ‘Mar 't is sa fier wei Dat Inglân en Höllân, En ik gean net mei! En jinsen sindSind, zijn, verouderd; nu binue. fammen Jamk moäijer as ik; En scoe 'k dat net thinke Mei eangstme en skrik..? ‘Hâld op!’ andere Ouwe, ‘Fij, Ose, net mear! Dat kin 'k net forneareForneare, verdragen.; Dat wird docht my sear! Ho scoe 'k dy forjitte Yn sa 'n koärte tiid, Dy, 't ljeächt fen myn eagen, Dy 'k minje sa swiid!?’ - ‘Mar Ouwe, yn 'e freämdte is 't Forlied by de hân; En is den dyn ljeafde Tsjin alles bistân? - En dêrom, myn ljeafste, Komst' siker werom? - O, wol my dat swarre! Den earst amje 'k rom.’ - ‘Fij Ose,’ sei Ouwe, ‘Wolst' yet in biwiis? Wantrouste myn ljeafde En 't wird fen in fries?... Mar wolste it sa habbe, ‘'k Onthjit dy den, dat Nin macht scil ús skiede: Dat swar ik by God! Al mocht ik ek stjerre,’ Sei 'r rimpen der by, ‘Dochs scil ik dy helje, Dat ek swar ik dy!’:..
't Wier simmer en Ouwe Dy swalket op sé, Wylst Ose bliuwt biidsjen Op 't iënlike sté. Hja is nou sa monter, En 't hert is hjar rom; Hwent Ouwe, dat wyt hja, Komt siker werom. Mar dochs het hja langstmeLangstme, verlangen. En giet eltse dei Nei 't plakjen oan de oewre, Dêr 't boatsje altiid lei. Den thinkt hja oan Ouwe, Hjar ljeafste op 'e wrâld, En winsket syn wolfeart En bidt syn bihâld. Hja dreamt den hjar takomst Sa skien en sa klear; Hwent binne hja boaskeBinne hja boaske, zijn zij getrouwd., Den skied' hja net mear; Mar den giet hja simmers Sa faken mei oer, En sit, as 't moai waer is, Nêst Ouwe by 't roer Den scil er forhelje Fen al hwet er seach, Fen lânnen en stêdden, Hwêr hinne er al teach. Mar hwêr hja yet sterker Nei langhalzje kin,
Is, om sels dy lânnen En stêdden to sjeän! En winters, hwennear me oan Nin farren mear döcht, Fynt hja op de Gröde Rju wille en nöcht. Dêr wachtet de wente, Dy Ouwe al keas, Sa tsjep op it oansjeän, Fen binnen sa kreas! - Sa drôgjend in takomst, Oanloklik en nij, Roun ringen for Ose De simmer foärby. 't Waerd hjerst al en tiid wier 't Dat Ouwe hast kaem; Mar 't wier net ûnlijich, Dat treaste de faem: Sa 'n séreis, al giet it Ek ringen en rêd, Birekkent me dochs op In wike twa net. Sa thochte dat fanke, en Hjar hope bleau stean, Al mocht hja ek faker Nei de oewre ta gean; Al dykreDykre, tuurde. hja langer, Mei langstme yn it each, Eft hja yn 'e fiërte ek In skipke faek seach. - - En neijer en neijer Kaem nou al de dei, Dat 't brilloft scoe wêze; Mar Ouwe bleau wei. - Nou kaem it âld minske op In moärntiid oerein; Hja skodde de holle En wier sa forslein. ‘O, Ose, myn fanke!’ Sa spriek hja forsetForset, (verzet) ontzet, ontsteld., ‘Dou moäst net mear hoopje, Dyn Ouwe komt net. Ik hab yn 'e moärntiid Him sjoen en him heärd; Hy striek lâns it finster Sa rimpen en rêd. Ik krige sa 'n keltme, Mar do 'k wer bikaem Do stoe er foär 't finster En tikke er oan 't raem. Hy wier sa forheistre En sykhelle swier; In striel fen in skynfetSkynfet, handlantaarn. Biljeächte do flier. Ik seach it sa dúdlik, En klear ha 'k it heärd; Ik wier yn nin dodzeDodze, dommel, sluimering., Ik dreamde 't ek net. Ik stel 't net yn twivel, Dyn Ouwe fordronk; Hy brocht nou as gonger Us tynge fen 't onk.’ - Dat thinsbyld, sa aeklik, Woe Ose net oan. ‘Ik hoopje en scil wachtsje,’ Sa sei hja, ‘ta moarn; Den scille wy boaskje, Hwet ef er der ek bart, Den scoe er my helje, Dat het er my sward!’ - Mar do wer it deiljeächt De tsjustrens oerwoun, Wier Ose hjar sinne Der hope fordwoun. De nachts kaem in skynsel Foär Ose hjar bêd; It neijere allinken Mei glûpjende trêd; Yn de eagen, sa glêzich, Ontdiek hja in trien, De hân, dy hjar aeike, Wier kâld as in stien. En dêr, hwêr it stien hie It wetter yet lei; Nê, 't koe net oars wêze, Hjar Ouwe wier wei! Dôch gyng hja nei de oewre, Nei 't plak hjar sa djûr,
En dykre wanhopich De waddesé oer. Soms stie hja to kypjen, As eft hja hwet seach; Den teistre er in fiëlling Fen hope yn hjar each. Mar wier 't den in fartúch, 't Fordwoun wer sa tel; En treasteleas sonk hja Oan de oewre den del. Sa hoopjend en eangjend Forroun wer in dei; Nin skip kaem oan de oewre; De breegmanBreegman, bruidegom (Gron. breugeman). bleau wei. De joun wier al fallen, En yet koe hja net It plakjen forlitte, Sa djûr oan hjar hert. En lûder en lûder Kriet jimmer de faem: Och, wier ik by Ouwe; Och, dat er dochs kaem! - En wylst hja sa bearde, Forbûke en forset: Dêr rûsde it yn 't wetter Sa hommelsHommels, plotseling. en rêd, Dêr neijere in boatsje Mei hastige feart; Hja seach ho 't it ringen Oan de igge al skeat. In feint, kant fen ledenLeden, in de spreektaal lea., Springt ringen oan lân; Hy sjucht om him hinne Lâns 't iënlike strân; Mar hjar, dy er sochte, Is ringen al foun. Sêft giet er nei Ose, As rekke er nin groun. - De faem wier ontheistre; Hjar sykjen houd hj' yn: Moäst hj' eangje ef hoopje? Wier hy it meiskiën? Dêr kipet de moänne Throch wolknen en mist En skynt op syn oänlit: Nou röpt hja: ‘Hy is 't!’ In keltmeKeltme, schrik. fen blydskip Kringt hjar throch de lea. 't Is Ouwe, hjar Ouwe, Forheard is hjar bea! - Alhiel út 'e skroeven, Springt Ose oerein; Tel is hja yn de earmen Des bregemans flein. ‘Myn Ljeafste,’ sa seit hja, ‘Hwet wier ik forset! Komst' dôch for de brilloft? Forgeatste my net? - ‘Ho koeste dat thinke! Hwet hab ik dy sward? 'k Scil altyd dy helje, Hwet as der ek bart! Nou scil ik dy bringe, Hwêr nea nin forthriet Us nju kin bidjerre en Nin ûnk ús ea skiedt. Dêr meitsje dyn sisters It breidsbêd al ré, Dêr hâlde wy brilloft; Kom! ringen oer sé!’ Mar Ose bithocht hjar: Hwet wier dat for praet? Hjar mem hie hjar ommers It breidsbêd al spraet! - Mar Ouwe sei: ‘Famke! Yet lang is ús wei En de eed moät 'k folbringe Foar 't ljeächt fen 'e dei.’ Mei troaide hy Ose Yn 't skipke oan it strân, En staette syn boatsje Do ringen fen lân. - By 't boat wier nin roeiriem, Nin seil en nin roer, Dochs gyng it er hastich, Ja, fleanend sels oer. In hoärtsje - en de hallich Wier ringen út 't each;
En löft wier 't en wetter, Hwet Ose mar seach, De weachjes omaeiden En patten it skip, It byld fen de moänne Dreau nêst hjar yn 't djip; Hja seach oan de himel, Sa blau en sa klear, Nea safolle stjirren, Nea ljeächten hja mear. ‘O, Ouwe,’ sei 't famke, Forsonken yn 't nju, ‘Nea joech my it farren In wille sa rju! Sjuch, boppe dy himel En hjir nêst it skip De silverne moänne Yn 't glês-kleare djip! Is dêr ek dyn wente, Hwêr 't moäntsje nou sit En triljende strielen Throch 't séwetter scjit?’ - ‘Ja siker, myn Ljeafste, Dêr wachtsje hja ús; Dy silverne moänne Nimm' wy yn 'e hûs. Dat hûs is sa threftichThreftich, deftig, sierlijk., Nin keninklik slot, Ho moai it mei wêze, Is moäijer den dat. Me sjucht throch de mûrren Fen 't suverste glês, De kostlikste blommen En 't tierichste gêrs. De reinbôgekleuren, Sa skien en sa klear, Bipronkje myn sealen En rane er togear. En brekke dy strielen Der himelske stjer, Den sjucht me dy kleuren Wol thûzenfàld wer; Ek scjitte der fonken Fen ljeächt op ús dol Throch 't thek fen ús wente Fen suver kristal; En dêr is in breidsbêd Sa sêft en sa rom, Dêr scille wy sliepe Yn rêstige slom; Dêr falt dy, myn Ljeafste, In breidsklaed to diel Fen stoffen yet fynder As side en forwiel. - Mar hark!...yn de fiërte Heärr' jy dêr net hwet? Dat 's 't skûrjen der poärten Fen 't hearlike slot!’ Hja harke fol langstme En heärde 't al gôed: Al neijer en neijer Kaem 't thongerjend lûd. Mar hommels waerd 't tsjuster; De moänne is biskûl, Fordwoun binn' de stjirren, De wyn bliest sa fûl; De weagen bûts' heger En heger tsjin 't skip, Dat dounset en kreaket Op 't skomjende djip. Den fljucht it omhegens, Sa rimpen en tel; Den sinkt it omleech yn De djipte wer del. - Dêr komt er in stoärtsé; En de egenste stoun Dêr draeit en dêr giseltGiselt, draait snel rond (draaitol = giseltop). It boatsje yn it roun, En Ose is fol eangstme, Hja rydbosket sa! Hwêr scil dat bidarje? Hwêr moät dat nei ta?! Mar nou jout de deade Syn triljende breid Syn iiskâlde hannen En winkt hjar en seit: Hjir moätte wy wêze, Kom ringen mar mei!’ -
In gjalp - en hja sinke Yn 'e wetterkölk wei!..
De séwiven stieken Op 't egenste sté De sniewitte höllen Nou ringen út sé; Hja songen in leedsang En geidenGeiden, huilden. sa near For Ose en for Ouwe, Dat nommelNommel, braaf. jong pear!
J. Troelstra.
Cookies on Poetry Cove