XI.
Ik bin steksjoegerich. Easkje derom net fen mij, dat ik allyk sjean sil as jou, wans aegen goed binne. Wez net lulk op mij, omdat ik de dingen oors beskooi as jou. Fordom mij derom foral in believen net; want ik hab myn aegen sels sa net makke, ja, ik heb har hiel in d' al sels net makke.
In, ik kin dochs net oors sjean, as myn aegen binne in sa asse mij joon binne. In giet it jou ek sa net?
Ik sjoch skilich. Ik kin it al wer net helpe, dat myn aechapels troch in forkeerde omgong fen myn mem in oren mei mij yn myn bernskheit in skeane rjuchtinge krigge habbe. Ik kin dat sjean, nou 't ik woeksen bin, net licht, of net allehiel, oaflere. Set dat, wat boeten myn tadwaan sa komd is, doch net op myn rekken. Mar, as jou in goed Christen-minske binne, hab dan ljeaver meilijen mei myn ongelok.